Der komt in Nederlânsk referindum oer ôfharkjen

oktober 9, 2017 21:34

Yn maart 2018 wurdt der yn Nederlân in referindum hâlden oer de saneamde ‘sleepwet’, in útstel foar in wet dy’t it foar de oerheid folle makliker makket om priveegegevens fan boargers te garjen. Sels fan minsken dy’t nearne fan fertocht wurde mei de oerheid de ynternetaktiviteiten folgje, de telefoan ôfharkje en op ‘e kompjûter ynbrekke. Dna-gegevens meie garre wurde en priveegegevens meie útwiksele wurde mei útlânske feilichheidstsjinsten.

Soks is der fier by troch, wie it betinken fan in groep Amsterdammers. Hja setten in petysje op om in referindum oer de wet te hâlden. Om dat ôf te twingen wiene trijehûndert tûzen hantekens nedich. Dy grins is hjoed berikt. Der moat noch wol kontrolearre wurde oft dy allegear jildich binne. Sa ja, dan komt it referindum der. Nei alle gedachten wurdt it dan takom jier hâlden, tagelyk mei de gemeenteriedsferkiezings. It referindum is nammers net binend, de Earste en Twadde Keamer hawwe it lêste wurd.

Wolle jo mear witte oer it referindum, dan kinne jo der hjir mear oer lêze:
https://sleepwet.nl

oktober 9, 2017 21:34
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*