De wichtichste feroarings yn it Fryske busferfier

oktober 18, 2017 10:36

It busferfier yn Fryslân bliuwt yn ‘e hannen fan Arriva, alteast oan 2022 ta. Arriva hie in kontrakt oant 2020, mar hat fan ‘e provinsje twa jier ferlinging krige. De provinsje en Arriva wolle yn dy tiid wurkje oan in modernisearring fan it busferfier. Dat moat effisjinter en duorsumer wurde sûnder dat de priis tefolle omheech giet.

Ien fan ‘e fernijings is dat der elektyske bussen komme. De lytse bussen dy’t bern nei skoalle ta bringe ferdwine foar in part. Foar it ferfier fan skoalbern sille tenei faker taksys ride. Bushaltes ferdwine foar in part út de doarpen. Se geane nei de grutte diken by de doarpen lâns. Reizgers moatte dan in stikje rinne, mar soks besparret de passazjiers dy’t al yn ‘e bus sitte in protte tiid.

oktober 18, 2017 10:36
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.