Cd-presintaasje ‘It sûzjen fan ’e stilte’ by Tresoar

oktober 12, 2017 16:16 Fernijd

Op sneon 21 oktober komt in dream út. Dan hoopje Gerard Rinsma en gospelrockband Grace harren earste cd te presintearjen. Op dy cd, dy’t de titel It sûzjen fan ’e stilte (Fryske titel fan The Sounds of silence) meikrigen hat, stean 18 popsongs út de Top 2000, no foar it earst útfierd yn it Frysk. Sa is bygelyks it liet: ‘Candle In the Wind’ fan Elton John oer it tragyske libben fan Marilyn Monroe yn it Frysk in ballade wurden oer de Fryske diva Mata Hari, mei de titel ‘Flinter op in blom’. En is ‘Baker Street’ fan Gerry Rafferty in oade oan Ljouwert wurden.

Gerard Rinsma omskriuwt himsels as predikant, apostel, muzikant en poppespiler. Dat liket in net sa foar de hân lizzende kombinaasje, mar as men Rinsma in skoftsje meimakket, wurdt dúdlik dat al dy ferskate petten him goed passe en dat er se ek goed ferienigje kin. Syn passy foar muzyk bestiet al lang: “Al fan it momint ôf dat ik yn ‘The summer of love’ tegearre mei myn buorfamke yn it kafee fan har âlders nei de jukebox harke (op sneintemoarn nei ‘Ruby Tuesday’!) hat de muzyk fan ‘The Big 5’ (Stones, Beatles, Kinks, Byrds en The Who) my net mear loslitten. Muzyk is in reade tried yn myn libben”.

Ferskate muzikale produksjes fan Rinsma seagen troch de jierren hinne it libbensljocht. Hy organisearre yn Ljouwert ek in pear Top 2000-tsjinsten; dêrby wurke er ek al gear mei Grace. “Yn de Top-2000-tsjinsten fan de ôfrûne twa jier hawwe wy al proef draaid en wie ik elke kear ferrast troch de muzikale talinten fan dy Ljouwerter band. Mar yn de studio lieten sy har echt kenne as ‘a band of angels’.”

Gerard & Grace sille op 21 oktober in oantal songs hearre litte (assistearre troch Pieter Dijkstra, konga’s en Tjarda Hilverink, sang) en it earste eksimplaar oanbiede oan in Fryske ‘pommerant’. Foar Gerard Rinsma is it ta stân kommen fan dy cd de bekroaning fan syn weromkommen nei it ‘heitelân’ no fjouwer jier ferlyn. En nei ôfrin stean Gerard & Grace klear om harren cd te ferkeapjen en te sinjearjen.

Cd-presintaasje ‘It sûzjen fan ’e stilte’:

  • Datum: sneon 21 oktober 2017
  • Tiid: 15.00 – 17.00 oere
  • Lokaasje: Tresoar, Bûterhoeke 1, Ljouwert
  • Tagong fergees
oktober 12, 2017 16:16 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*