Blombine op Skills Heroes by it Nordwin College

oktober 17, 2017 15:55

Tongersdei 19 oktober binne by it Nordwin College yn Ljouwert de seleksjewedstriden foar Skills Heroes. De Skills Heroeswedstriden binne opset mei it doel dat studinten sjen litte kinne dat se eksellint prestearje kinne yn harren fakgebiet.

Nordwin College jout studinten de kâns om mei te dwaan oan de Skills Heroeswedstriden foar blombine. Twa winners fan de seleksjewedstryd geane troch nei de heale finale yn maart yn Swol, de fiif bêsten dêrfan geane troch nei de lanlike finale yn Amsterdam. Dan folgje noch de Europeeske en wrâldkampioenskippen.

De seleksjewedstryd omfiemet fjouwer oeren, wêryn’t ferskate praktykopdrachten en byhearend papierwurk makke wurde moatte. Der leit in pakket blom- en blêdeguod foar elke studint klear en der kin keazen wurde út alderhande oar guod om de eigen styl ta utering te bringen. De beoardering bart troch twa faklju út de blomme- & ûntwerpwrâld. In elevator pitch is part fan de beoardering.

Opjaan stiet iepen foar alle studinten MBO 3 & 4 Blom & Styling. Besikers binne fan 12.30 oere ôf fan herten wolkom om te sjen.

Lokaasje en tiid
De proeftuin, nije kantine Nordwin college,
Gebou de Potmarge, Jansoniusstraat 2a, Ljouwert.
It begjint 19 oktober om 12.30 oere.

Mear ynformaasje oer Skills Heroes stiet op http://www.skillsheroes.nl/het-kampioenschap/vakwedstrijden-editie-2017-2018/#

 

oktober 17, 2017 15:55
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*