Youp van ’t Hek, in djipleauwich minske

septimber 12, 2017 09:00

Kollum fan Ger Dyk

Sneontejûn seagen de frou en ik nei in part fan de telefyzjeútstjoering fan de teäterfoarstelling ‘Ljocht’ fan Youp van ’t Hek. Youp is aktueel, skerp, fol humor en seit wêr’t op stiet. Oer de aktualiteit, it politike nijs, ferneamde Nederlanners en de bekrompenens fan de Nederlânske maatskippij wurdt kritysk praat. Youp wit it allegear op in betûfte wize te tsjutten.

Mar alle kearen wer falt de grouwe taal fan Youp op. En dan benammen yn hast eltse fiif sinnen it brûken fan it ferneamdste Nederlânske flokwurd. Ik sil it hjir út soarte net skriuwe, mar elkenien wit wol hokker wurd oft ik bedoel. Leauwige minsken sille har dêroan steure en foar net-leauwigen sil it ek wolris wat te slim wêze.

Us bern (allegear om de tweintich hinne) binne fansels net fan de generaasje fan Youp. Hja kenne him amper en by de jongerein ûnderinoar fernim ik ek net in soad op-’e-hichte-wêzen fan it fenomeen Youp. Se binne bygelyks mear sjarmearre fan in man as Najib Amali. De bern hawwe in pear jier lyn ien fan Amali’s teaterfoarstellingen op televyzje sjoen. Letter seagen wy as húshâlding mei-inoar in kear nei in foarstelling fan Youp op telefyzje. Se binne wol wat wend, dy bern fan ús, mar se stroffelen dochs benammen oer al dat flokken fan Youp. Wittende dat Amali op dat stuit harren referinsje wie, kin ik my yntinke, dat se skrokken fan it taalgebrûk fan Youp.

Ik beredenearje it sa:
As immen net yn in God leaut, hat it ferflokken fan God foar him gjin funksje, want hoe kin men immen ferflokke, dêr’t men earst fan seit dat er net bestiet? Ateïsten binne dus hiel fatsoenlike minsken, want se sille noait in God ferflokke, mar inkeld immen dy’t wol bestiet. Hja soene bygelyks Rutte ferflokke kinne, om’t hja it in minne premier fine. Rutteferdomme, krije je dan.

Oarsom soe in leauwich minske God dan wol ferflokke kinne. Hy of sy leaut ommers yn it bestean fan God en soe dan, by tsjinslach, dy God fêst wol in kear ferflokke kinne. Mar wy witte dat it sa net wurket. Foar in leauwige is flokken not-done.

Op grûn fan dy redenearring gean ik derfan út dat Youp in djipleauwich minske is. Hy ferflokt God en jout dêrmei yndirekt oan dat er leaut yn it bestean fan dyselde God.

Foar ús bern makke it neat út. Dy hiene sneontejûn op ’e foarhân al gjin nocht oan Youp.

 

septimber 12, 2017 09:00
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Henk Wolf septimber 15, 02:42

    ‘Godferdomme’ is yn alle gefallen gjin ferflokking fan in god. Nei alle gedachten is it fanâlds in konjunktyf, in foarm dêr’t minsken de hoop mei útdrukke dat God de ien of oar ferdomt. En dat ‘ferdomt’ betsjut fanâlds dan wer soks as ‘foar straf nei de hel stjoert’. Men soe ferwachtsje dat achter ‘God ferdomme’ noch komme moat wa’t God dan nei de hel stjoere moatte soe: ‘God ferdomme de buorman’ of sawathinne, mar blykber kin dat fuortbliuwe. Yn ‘God verhoede’ ha wy in soartgelikense konstruksje.

    Dat is lykwols taalskiednis. Wa tinkt by in ‘sjauffeur’ noch oan in man dy’t koalen yn it fjoer skept? Wa tinkt by in ‘ledikant’ noch oan in fjildbêd? Wa by ‘ponghâlder’ oan ien dy’t de jildponge hâldt? De trochsichtige oarspronklike betsjutting fan wurden wurdt stadichoan ferfongen troch in oaren.

    Dat is by ‘godferdomme’ ek sa. Fansels hat dat wurd syn oarsprong yn in religeuze wrâld, mar hjoed de dei is it foar in protte minsken – leauwich of ateïstysk – net mear of minder as in gjalp om emoasje mei út te drukken, sa’t ‘shit’, ‘fuck’, ‘kut’, ‘blikje’, ‘harrebarre’ en ‘potferjanhinnekont’ dat ek binne.

  2. Johannes septimber 15, 11:38

    Myn mem sei altiten skyt as it net slagge.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*