Winner Gysbert Japicxpriis wurdt earder buorkundich makke

septimber 14, 2017 06:45 Fernijd

De winner fan de Gysbert Japicxpriis wurdt dochs foar de priisútrikking bekendmakke. Dat hat de provinsje besletten, nei krityk fan de fiif nominearre skriuwers. De provinsje woe tenei in oare opset folgje by it útrikken fan de priis. Dêrby soe de winner pas op de dei sels bekendmakke wurde, mar de minsken dy’t nominearre wiene, fielden dêr neat foar. Hja wiene fan betinken dat har famylje en freonen net komme soene, as sy net wis wiene dat de persoan dêr’t se foar kamen ek echt winne soe.

De provinsje sil no dit jier neat feroarje. Ein dizze moanne wurdt de winner al bekend. Takom jier wol de provinsje op ‘e nij nei de priisútrikking sjen. Mei in nije opset wol de provinsje mear omtinken freegje foar de priis sels, de winner en de nominaasjes. De Gysbert Japicxpriis wurdt dit jier útrikt yn de kategory poëzij. Nominearre binne: Wilco Berga mei ‘Allinne en yn koar’, Eppie Dam mei ‘Fallend ljocht’, Elske Kampen mei ‘Man en mem’, Albertina Soepboer mei ‘Herbarium’ en Abe de Vries mei ‘Brek dyn klank’.

Abe de Vries hat lykwols earder oanjûn dat hy de priis net hawwe wol. Hy wie it ûnder oaren net iens mei de wize fan útrikken fan de priis. Fierder joech er oan dat de priis nei Eppie Dam gean moatte soe. De Gysbert Japicxpriis is de wichtichste literêre priis fan Fryslân. De winner ûntfangt in bedrach fan tsientûzen euro.

Boarne: Omrop Fryslân

septimber 14, 2017 06:45 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*