Wetterskip docht alles om wetteroerlêst te beheinen

septimber 13, 2017 13:45 Fernijd

Wetterskip Fryslân docht alle mooglike muoite om wetteroerlêst safolle mooglik foar te wêzen. De swiere buien fan de ôfrûne dagen hawwe op guon lokaasjes laat ta heech wetter yn de polders. Op sokke plakken hâlde de meiwurkers de wurking fan de gemalen ekstra yn ’e gaten. Sleatten wurde hekkele, dûkers trochspuite en kroashikken fan gemalen skjinmakke. Dêrneist binne op guon plakken ekstra pompen oanset om slimme skea foar te wêzen. Troch de ynset fan it Woudagemaal is de wetterstân yn de Fryske boezem de ôfrûne dagen sakke fan -0,52 nei -0,60 NAP. Dêrtroch kin de kommende dagen ekstra delslach opfongen wurde. It Woudagemaal giet jûn út.

Sluting slûzen 
Fanwegen de hurde wyn slút it wetterskip hjoed de kearslús by Goaiïngaryp en Broek en de slûs yn de Lange Sleat. Dêrmei wurdt it opstowen fan de Fryske boezem en wetteroerlêst yn ’e midden fan Fryslân tefoaren kommen.

Wetterôffier polder
Troch alle rein fan de ôfrûne dagen, lokaal bytiden 90 mm, stiet it wetter op guon plakken yn de polders heech. De boaiem is al slim sêd en nimt dus gjin wetter mear op. De sleatten binne foar in grut part noch begroeid mei wetterplanten dy’t de ôffier tsjinhâlde kinne. Troch de planten kinne dûkers en kroashikken ferstoppe reitsje. Mei de ekstra maatregels besiket it wetterskip it wetter fan de polders sa fluch mooglik nei de Fryske boezem ôf te fieren.

Meld oerlêst
Grûneigeners dy’t oerlêst hawwe troch heech wetter op harren lân of ferstoppe dûkers ûntdekke of oare saken dy’t in goede wetterôffier opkeare kinne, kinne dat telefoanysk trochjaan op it algemiene nûmer fan Wetterskip Fryslan: 058 – 292 22 22 of (bûten kantoartiid om) it Miljeu-Alarmnûmer: 058- 212 24 22.

septimber 13, 2017 13:45 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*