Unbidige demonstraasje foar Katalaansk referindum

septimber 11, 2017 20:27

Hjoed, 11 septimber, betocht Kataloanië de ynliving by Spanje yn ‘e achttjinde ieu. Dat waard dien mei in demonstraasje foar in referindum oer ûnôfhinklikens. In heal miljoen minsken yn Kataloanië giene de dyk op om te easkjen dat der op 1 oktober in referindum komt, lykas it Katalaanske parlemint besletten hat. De heechste Spaanske rjochter hat it referindum lykwols ferbean.

“Hjoed is in dei om witte te litten wat wy as folk wolle. Wy betinke, mar wy sjogge ek foarút”, sei de Katalaanske presidint Carles Puigdemont. “Wy hawwe ús takomst yn eigen hannen en wy sille meikoarten in demokratysk beslút nimme.” De Katalaanske minister fan útlânske saken Raül Romeva die op in parsekonferinsje te witten dat it referindum trochgiet, wat Madrid ek ûndernimt. Foar Katalanen om utens is der no al in mooglikheid om te stimmen.

De boargemasters fan alle 947 Katalaanske gemeenten hawwe in brief fan it Spaanske regear krige dêr’t yn stiet dat it harren wetlike plicht is om it referindum tsjin te hâlden. Twatredde part alle Katalaanske boargemasters hat lykwols iepentlik stipe oan it referindum tasein. Dêr heart de haadstêd Barcelona net by. De loko-boargemaster fan Barcelona hat te witten dien dat er benaud is foar ferfolging fan syn amtners.

septimber 11, 2017 20:27
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*