Twadde printinge Fryske oersetting Dahl’s ‘GFR’

septimber 13, 2017 18:56 Fernijd

Noch yn septimber komt der in twadde printinge fan de Fryske oersetting fan Roald Dahl syn wrâldwide bestseller, De GFR (De Grutte Freonlike Reus). De earste printinge ferskynde presys in jier lyn. Hjoed, op de ynternasjonale Roald Dahl Day, kundige Utjouwerij Regaad de werprintinge oan.

De GFR wie al yn in pear moanne útferkocht, benammen troch it grutte sukses fan it boek by de sutelaksjes, wêrby’t Fryske boeken oan ’e doar sa út de kroade wei ferkocht waarden. Boppedat hat de International Board on Books for Young People (IBBY) de Fryske oersetting selektearre foar har Honour List 2018, in twajierlikse list fan bysûndere berneboeken út mear as 75 lannen.

septimber 13, 2017 18:56 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*