Taalstriid yn Noard-Ierlân om taalwetten

septimber 11, 2017 20:10

Noard-Ierlân (donkergrien) yn it Feriene Keninkryk (grien)

Moat Noard-Ierlân taalwetten krije? Dy fraach ferdielt de politike partijen yn Noard-Ierlân, ien fan ‘e fjouwer lannen yn it Feriene Keninkryk, op it stuit o sa. It Iersksinnige Sinn Fein is grut foarstanner fan wetten dy’t it Iersk en Skotsk ekstra beskerming jouwe, wylst de fûl pro-Britske partijen UUP en TUV dêr krekt neat fan hawwe moat.

“Taalwetten soene it oansjen fan Noard-Ierlân foar altyd feroarje”, sa skriuwt de pro-Britske krante NewsLetter. “Hoe’t se ek oanklaaid wurde, se soene in ynstrumint wêze om ús Britsk-wêzen út te holjen en unionisten bûten de amtnerij keare.”

septimber 11, 2017 20:10
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*