Swiere ierdbeving yn Meksiko

septimber 20, 2017 07:41

Foto: morguefile.com

Meksiko is foar de twadde kear yn noch gjin twa wike tiid troffen troch in swiere ierdbeving. Under oare de haadstêd Meksiko-Stêd is swier troffen. Der binne 149 deaden, mar ferwachte wurdt dat dat tal noch oprint. De ierdbeving hie in krêft fan 7,1 en it episintrum lei sa’n 120 kilometer súdeastlik fan Meksiko-Stêd. Yn de haadstêd binne tsientallen gebouwen ynstoart. In protte minsken sitte noch fêst ûnder it pún.

Neffens presidint Nieto binne 21 bern en twa folwoeksenen omkaam by in ynstoarte skoalle yn de haadstêd. Om tritich oare bern en acht folwoeksenen wurdt noch socht. Yn de dielsteaten Morelos, Puebla en Meksiko binne slachtoffers fallen. De Meksikaanske beurs is fanwege de ierdbeving sletten en de lofthaven fan Meksiko-Stêd hat alle flechten foarearst annulearre. Hast fjouwer miljoen Meksikanen sitte sûnder elektrisiteit.

Twa wike lyn waard Meksiko ek al troffen troch in swiere ierdbeving. Dy hie in krêft fan mear as acht. Dêrby kamen hast hûndert minsken om it libben.

septimber 20, 2017 07:41
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.