Stoptober úteinset yn Fryslân – update

septimber 30, 2017 10:00

Op 1 oktober set foar de fjirde kear yn Nederlân Stoptober útein: 28 dagen net smoke. Smokers geane de útdaging oan om yn de oktobermoanne net te smoken. Se wurde troch bekende Nederlanners, lykas sjonger Nielson, stipe om oan de aksje mei te dwaan. Willem de Vries, bekend fan Omrop Fryslân, trunet de smokers yn Fryslân oan om ek oan Stoptober mei te dwaan. Fan 8 septimber ôf kinne smokers har opjaan en GGD Fryslân rydt mei de bekende Stoptoberkemper troch de provinsje. 

Oanmelde foar Stoptober
Elkenien dy’t 28 dagen fan it smoken ôfsjen wol, kin him op de Stoptober-webside oanmelde. De fergeze Stoptober-app stipet harren. Dy app jout suggestjes en persoanlike oanmoedigingsberjochten. Hy jout ek ynformaasje oer wat jin te ferwachtsjen stiet yn dy 28 dagen. Op social media krije dielnimmers ek oanmoedigingen fan bekende en net-bekende Nederlanners. Alle dielnimmers kinne ek in fergees Stoptober tydskrift ôfhelje by de lokale Albert Heijn. Dat stiet ek grôtfol tips en ûnderfiningsferhalen.

Willem de Vries en Stoptober
Willem de Vries fan Omrop Fryslân docht yn alle gefallen mei oan Stoptober dit jier. Ophâlde mei smoken foar’t er fyftich wurdt is al lang syn persoanlik doel. De bekende programmamakker giet mei Fryske smokers de útdaging oan om 28 dagen net te smoken. Hy dielt de hiele oktobermoanne syn ûnderfiningen op syn Facebook-kanaal en docht dat yn syn programma Noardewyn op Omrop Fryslân ek.

Stoptoberkemper yn Dokkum
De Stoptoberkemper stie 9 septimber yn Dokkum yn it ramt fan de Admiraliteitsdagen. Minsken dy’t nijsgjirrich wiene koene dêr telâne. Meiwurkers fan GGD Fryslân wiene dêr om ynformaasje oer de aksje te jaan. GGD Fryslân stie yn Snits op de Fryske UITmarkt.

septimber 30, 2017 10:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*