Sint-Maarten wachtet op orkaan Jose

septimber 9, 2017 11:32

Foto: pixabay.com

Ynwenners fan de Karibyske eilannen dy’t swier troffen waarden troch orkaan Irma, wêrûnder Sint-Maarten, meitsje har op foar de folgjende orkaan dy’t al klearleit op de Atlantyske Oseaan. Jose falt ûnderwilens yn kategory fjouwer, de op ien-nei-heechste. Orkaansintrum NHC hat wynfaasjes metten fan 250 kilometer yn ’e oere. De nije orkaan sil neffens ferwachting de kommende nacht om 02.00 oere hinne (lokale tiid) benoarden Sint-Maarten dellûke. Yn Nederlân is it dan 08.00 oere.

Neffens orkaandeskundige Rein Haarsma fan it KNMI sille de gefolgen foar Sint-Maarten wer grut wêze. Hy neamt de orkaan tige bedriigjend, om’t der op it eilân al in protte skansearre is. “Der leit in hiele protte los guod op ’e dyk. Wynkrêft acht is dan al in ramp.” Haarsma seit dat op Sint-Maarten wynkrêft tolve, mei faasjes oant 110 kilometer yn ’e oere, ta de mooglikheden heart. “De kâns is net tige grut, mar minsken moatte har derop tariede.” Boppedat sil der wer in protte reinwetter falle. “As alle dakken fan de huzen ôf binne, dan is dat ek in ferskriklike ramp.”

septimber 9, 2017 11:32
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.