Sa kin it ek (2)

septimber 11, 2017 20:30 Fernijd

Kollum fan Jabik van der Bij

“We put power into your business”.
Dat opskrift seach ik okkerdeis op in auto. Fuort dêrnei waarden wy ynhelle troch in oar bestelweintsje, dat soargje koe foar “clean air” neffens it opskrift achter op de laadklep. Grif net troch de auto sels. As it each der ien kear op falt, dan sjocht men hieltyd mear Ingelsk om jin hinne. Friezen dogge der krektlike hurd oan mei as de minsken yn de rest fan Nederlân. Tsjintwurdich ferkeapje wy neat mear, want wy “sale” alles. Yn Dokkum ha se it Ingelsk ek ûntdutsen. Dêr nimme wy it guod no net mear mei, mar it is no “to take (it) over”.

As it in bytsje kin stap ik sa’n winkel net mear yn. De aardichheid is der troch sa’n opskrift by my daliks ôf. Dochs ha se har doel berikt, want ik woe letter wol witte hokker saak dit eins is, want wat wy dêr meinimme moatte, wie my ûntkommen. De thússide dy’t achter dy namme skûlgiet makket it noch in bytsje bûnter. Us wurdt dêr ferdútst dat “de kids are ready to take over” en dizze wike is der wat mei de “world class player”. As “extraatje hebben we een super leuke aftermovie gemaakt”.

Fan al dy kids en events moat ik koarje. Wylst Jan-en-alleman him drok makket oer de eigen identiteit – as dy der al wêze so – wurket de massa deroan mei dat de eigen taal fertutearzet. Benammen it rjochtse part fan ús politike bestel is bot besoarge oer it ferlern gean fan de westerske wearden en noarmen. Dêr skine ús eigen talen net by te hearren. It ûnderwiis docht der ek oan mei. Der moat sa nedich yn healbakken Ingelsk lesjûn wurde troch minsken dy’t dy taal amper behearskje. Fansels heart in goede behearsking fan it Ingelsk ta ien fan de doelstellingen fan de skoalle yn in tiid dat grinzen ferdwine en de wrâld “lytser wurdt”. Mar dat wol net sizze dat men de talen dan mar wat trochinoar grieme moat omdat it sa deftich is, of sa “cool”, of dat men dêrmei sjen litte kin dat men ek modern is. Guon tinke dat se allinne mar mei telle as se har taal “opfleurje” mei Ingelske gjalpen.

Dan ha ik mear op mei Jelle út Greonterp. Hy is himsels as er him sjen lit mei syn blauwe bus, dêr’t gewoan “Jelle’s keukenbedriuw” op stiet. Sa kin it ek. Guon puristen sille miskien stroffelje oer it wurdsje keuken, mar ik mei dat gâns leaver lije as

 

 

Der wurdt faak sein dat Ingelsk seksyer is. It sil wol, mar as ik in putsje ha, dan rop ik Jelle derby. Miskien is Jelle syn tiid wol foarút en is Frysk skielk seksyer as Ingelsk en Hollânsk. Men soe it hoopje.

 

 

 

 

 

septimber 11, 2017 20:30 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*