Sa goed is meartaligens no ek wer net

septimber 22, 2017 15:20

De foardielen fan meartaligens foar it brein binne net sa grut as faak sein wurdt. Dat seit ûndersykster Evelyn Bosma fan ‘e Fryske Akademy. Hja docht har útspraak op basis fan ûndersyk ûnder ien- en twatalige bern yn Fryslân.

Foar har ûndersyk folge frou Bosma trije jier lang 120 bern. Oan it begjin fan hit ûndersyk wiene dy fiif of seis jier âld. Doe die bliken dat bern dy’t allinne mar Nederlânsk koene it justjes minder goed diene as twatalige bern. Yn groep 3 fan ‘e basisskoalle ferdwûn dat ferskil lykwols en giene beide groepen lykop. Fan hûs út Frysktalige bern hiene wol in gruttere passive wurdskat yn it Frysk en ek yn it Nederlânsk.

Oare ûndersikers hawwe folle gruttere foardielen fan meartaligens fûn, mar dêrby gong it faak om behearsking fan talen dy’t folle mear faninoar ferskilden as it Frysk en it Nederlânsk. Frou Bosma skriuwt dêrom dat har ûndersyk bydraacht oan it ynsjoch yn de taal- en kognitive ûntjouwing fan bern dy’t twa nau besibbe talen prate.

Frou Bosma promovearret op 2 oktober op it proefskrift Tweetaligheid en cognitie: de verwerving van het Fries en Nederlands, dêr’t hja har ûndersyk yn beskriuwt. Klik hjir foar in gearfetting.

septimber 22, 2017 15:20
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Nanne novimber 4, 12:41

    It Frysk dat as deistige omgongstaal sprutsen wurdt, liket hieltyd mear op it Nederlânsk. It kognitive foardiel dat wy as Frysktaligen ha, sil sadwaande hieltyd fierder ôfnimme. Utsein as wy wat bewuster mei ús taal omgean en besykje wer sa geef mooglik Frysk te brûken!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.