Rûge hjerststoarm, koade oranje fanwege tige swiere wynpûsters

septimber 13, 2017 07:29

Foto: morguefile.com

Nederlân kriget woansdei de earste hjerststoarm fan it jier. Weerplaza warskôget dat foaral de kust te krijen ha sil mei swiere oant tige swiere wynpûsters. It KNMI hat koade oranje ôfkundige en sprekt fan maatskippij-ûntwrichtsjend waar. De wyn boazet ûnderwilens oan by de westkust del. De files yn de moarnsspits sille nei ferwachting gâns langer wêze as wenstich.

Der kinne wynpûsters foarkomme fan 120 kilometer yn ’e oere. Yn ’e rin fan de moarn tjirget de stoarm by de noardwestkust lâns en oer it Waad. De pyk fan de stoarm leit tusken 10.00 en 16.00 oere. Utsein de Waadeilannen sille Fryslân, Flevolân, Noard-Hollân, it westen fan Súd-Hollân en de Iselmar te krijen ha mei de swierste wynpûsters. Yn de rest fan Nederlân wurdt it bluisterich, mar dêr sil de oerlêst beheinder wêze.

Rykswettersteat warskôget om yn de kustprovinsjes net mei lege frachtweinen, oanhingers of karavans de dyk op te gean. Automobilisten krije fierder it advys de ferkearsynformaasje yn ’e gaten te hâlden. De ANWB ferwachtet fjouwerhûndert kilometer file, in ferdûbeling fan it normale tal files op in woansdeitemoarn.

De NS lit minder yntercity’s ride tusken Den Helder en Zaandam, om sa romte te skeppen om eventuele problemen op te lossen. It spoarbedriuw advisearret reizgers om koart foar it fuortgean de reisplanner te rieplachtsjen. Troch de stoarm kinne op Skiphol minder fleantugen opstiigje en lânje. De KLM hat út foarsoarch sechtich Europeeske flechten annulearre. Skiphol riedt ek passazjiers fan oare loftfeartmaatskippijen oan om rekken te hâlden mei fertraging.

septimber 13, 2017 07:29
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*