Rjochter ferbiedt nije Katalaanske grûnwet

septimber 13, 2017 12:40

Kataloanië (read) yn Spanje. (

It parlemint fan Kataloanië mei net alfêst in grûnwet fêststelle, foar as de regio ûnôfhinklik wurdt. Dat hat in hege Spaanske rjochter tiisdei oardiele. It wetsûntwerp is troch de rjochter ûnjildich ferklearre. Earder ferbea de rjochter ek al it hâlden fan in referindum oer ûnôfhinklikens. It Katalaanske parlemint hie besletten dat dat op 1 oktober hâlden wurde soe.

Kataloanië hat trije plysje-organisaasjes: de nasjonale plysje, de militêre guardia civil en de regionale mossos. Juster hat it iepenbier ministearje de Katalaanske haden fan dy trije organisaasjes op it matsje roppen. Hja hawwe de ynstruksje krige om te ferhinderjen dat gemeenten meiwurkje oan it referindum. Amtners en politisy dy’t meiwurkje, sille ferfolge wurde.

Moandei waard in grutte demonstraasje foar in referindum hâlden. In heal miljoen Katalanen giene doe de dyk op.

 

septimber 13, 2017 12:40
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Fosite septimber 13, 17:29

    Goed dat de FNP oan Koenders frege hat om Madrid op minskerjochten en demokrasy te wizen .

    Dat sil er fansels net dwaan, dat docht er is allinne mar mei politike tsjinstanners .

    Lit jim gean, Katalanen, lit jim gean…..

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*