Rjochter ferbiedt Bretonske namme fanwegen tilde

septimber 14, 2017 13:50

Fañch is in tradisjonele Bretonske jongesnamme. In bekenden ien is it ek, want Fañch Peru en Fañch Broudig binne twa bekende Bretonske skriuwers. Hja hjitte lykwols offisjeel François.

In Bretonsk echtpear dat syn lytse poppe Fañch neame woe, krige fan in amtner yn ‘e Bretonske gemeente Quimper nee te hearren. It probleem wie de ñ, de letter n mei in tilde derop. Dy letter soe net tastien wêze. Om elkenien yn Frankryk gelikens te behanneljen soe de Frânske steat allinne nammen tastean mei letters dy’t foarkomme yn ‘e Frânske stavering.

De âlden makken beswier by de gemeente en in pear dagen letter skille in wethâlder mei it berjocht dat it jonkje dochs as Fañch ynskreaun wurde soe. Heit Jean-Christophe Bernard koe sels in identititeitskaart en in paspoart ophelje mei de offisjele namme derop.

Woansdei hat in rjochter it beslút fan de wethâlder lykwols ûnjildich ferklearre. “It wie as krigen wy in stien nei de holle smiten”, seit Bernard. De âlden wolle it net oerjaan. Hja hawwe in abbekaat yn ‘e earm nommen en wolle in rjochtssaak begjinne om fan Fanch wer Fañch te meitsjen.

septimber 14, 2017 13:50
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*