Rispingemanifestaasje fan Farm of the World en GIDZ

septimber 8, 2017 11:09

Op 22 septimber 2017 organisearet Farm of the World en GIDZ in bysûndere Rispingemanifestaasje, dy’t bestean sil út lêzingen en ferskillende workshops. Oanlieding dêrta is it lansearjen fan de publikaasje Circulaire Praktijken: grien en ryp troch GIDZ dêr’t tsien goede foarbylden yn beskreaun wurde fan lokale duorsume projekten mei in sirkulêre ekonomy. Studio Claudy Jongstra yn Húns / Farm of the World is ien fan dy foarbylden. In moaie gelegenheid om dy dei mienskiplik te organisearjen.

Sprekkers binne:

– Claudy Jongstra (Farm of the World)
– Dennis Moet (GIDZ)
– Marja van Vliet (institute for Positive Health).

Dêrneist kin der meidien wurde oan trije workshops:

  • Bôle bakke mei lokaal nôt yn de eigen tradisjonele houtûne;
  • fervje mei natuerlike fervestoffen en humussoer (û.l.f. Claudy Jongstra);
  • fan kofjegrom oant oesterswambitterbal mei Harrie de Vries fan de Zwammerij.

De manifestaasje duorret fan 10.00 oant 16.00 oere en is ynklusyf biologyske lunch, priuwerij, rûnlieding troch de tún, de publikaasje Circulaire Praktijken en in ôfslutend sûpke.

De dei wurdt organisearre op de lokaasje fan Farm of the World, in bysûndere fergetten boerepleats yn Húns, in lyts doarp yn Fryslân, dêr’t út ferskillende (kulturele) dissiplines wei om nije en duorsume mooglikheden fan it plattelân socht wurdt.

Der is in beheind tal plakken beskikber, dat gau oanmelde in mail te stjoeren nei judith@farmoftheworld.nl is oan te rieden.

septimber 8, 2017 11:09
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.