Rede fan André Looijenga foar Sis Tsiis, Reaklif 23 septimber 2017

septimber 24, 2017 12:00

Bêste minsken!

Fan ’e middei binne wy fan stasjon Koudum-Molkwar nei it Reaklif rûn. Wy hawwe dat ein kuiere om mei in fleurich sin te demonstrearjen foar better ûnderwiis yn de Fryske taal; en as waarmrinnen foar in gruttere manifestaasje ein dit jier. Wy fan it boargerinisjatyf Sis Tsiis binne der wiis mei dat wy hjoed ynheakje kinne by de betinking op it Reaklif om yn it pleit foar it gelikens rjocht op Frysk ûnderwiis.

Goed Frysk ûnderwiis is in bernerjocht! It is in minskerjocht om ûnderwiis te krijen yn jins eigen taal. Yn ynternasjonale hânfêsten en ferdraggen is dan ek ôfpraat dat ‘in substansjeel part’ fan ús ûnderwiis yn it Frysk jûn wurde moat. Nederlân hat him dêroan ferbûn.
Wy witte lykwols allegear: op dit stuit komt fan sa’n ‘substansjeel part’ ûnderwiis yn it Frysk yn de measte gefallen neat op ’e hispel. Desimber ferline jier brocht de Rie fan Europa dêr in rapport oer út, en it die bliken dat Nederlân noch hieltyd fierste min docht, foar de kwaliteit en de tagonklikheid fan ûnderwiis yn it Frysk.

André Looijenga op it Reaklif © It Nijs

Ik wit, dat der fansels ek moaie dingen te sizzen binne oer it Frysk yn it ûnderwiis. De ôfrûne jierren binne in tal doarpsskoallen Trijetalige Skoallen wurden, dy’t hiel goed wurk út ’e wei sette. Trijetalige Skoallen dy’t it Frysk behannelje as lykweardich oan it Nederlânsk en it Ingelsk, – soks jout by de bern in hiel positive ympuls oan de wurdearring fan it Frysk én fan oare talen en kultueren. Foar in ûntwikkeling ta selsbewuste Frysktalige minsken, moat it Frysk op skoalle ommers – op syn minst – lykweardich wêze oan it Nederlânsk! Wie soks mar foar alle bern beskikber…!

KODAK Digital Still Camera

Mar de deistige praktyk is yn de measte gefallen hiel oars. Skoallen kinne tsjintwurdich hiel maklik by de Provinsje ûntheffing oanfreegje om minder Frysk te jaan as dêr’t se wetlik ta ferplichte binne. Troch it takennen fan dizze ‘parsjele ûntheffingen’ wurdt oan skoalbestjoeren in útwei jûn om inkeld mar op it leechste nivo yn te setten by it fak Frysk. En dat is belied dat mei mooglik makke wurdt troch de FNP…! As koälysjepartij is de Fryske Nasjonale Partij mei-ferantwurdlik foar it sa-goed-as-ôfskaffen fan it fak Frysk op ‘in substansjeel part’ fan de Fryske basisskoallen. De ûntheffingen skeine it bernerjocht op goed ûnderwiis yn en oer jins memmetaal. No’t in flink part fan de skoallen ûntheffingen krijt om minder Frysk te jaan, soarget dat foar noch ûngelikensere kânsen om goed Frysk te learen. It seit himsels: dit is in skandalige stap tebek!

Sa moat it net! It kin folle better! In pear driuwende suggestjes foar de ferantwurdlike deputearre Sietske Poepjes, en foar de steatenfraksjes:
– Meitsje in ein oan it ûntheffingebelied!
– Soargje der einlings ris foar dat der foar it fak Frysk in ynspeksje komt dy’t oer de kwaliteit fan it ûnderwiis like strang is as foar oare krekt sa essinsjele fakken as Nederlânsk en rekkenjen.
– It moat foar ûnderwizers better mooglik makke wurde om har goed by te skoaljen foar Frysk; en dêrneffens moatte hja dan fansels ek better betelle wurde.
– Dêrneist noch: dy moaie Trijetalige Skoallen steane foaral op it plattelân en wurde dêrtroch bot bedrige troch skaalfergrutting en ‘krimp’; nei in fúzje mei oare skoallen soe de nije skoalle ferplichte wêze moatte om krekt sa’n talich en Frysksinnich profyl te hawwen.

Wy fan Sis Tsiis hawwe dit foarjier in tige yngeand beswierskrift opsteld oer it minskerjocht op goed Frysk ûnderwiis; meikoarten wurdt dat einlings troch de Provinsje yn behanneling nommen. Mar wy sille fierder demonstrearje. Want, goed Frysk ûnderwiis is in bernerjocht! Foar alle bern yn Fryslân, sawol Frysktalich fan hûs út, as woartele yn Fryslân mei in oare memmetaal. Elts basisskoallebern is ommers tûk genôch om Frysk leare te kinnen; jou harren dus allegear in gelikense kâns om mei goed Frysk ûnderwiis in folsleiner minske te wurden. Alle Fryske bern hawwe in gelikens rjocht om ús Fryske taal goed lêzen, skriuwen en praten te learen!

septimber 24, 2017 12:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.