Prûmkewurden: snies

septimber 22, 2017 13:04 Fernijd

Foto: pixabay.com

Wa man rûn eartiids net mei in prûmke tusken de kiezzen? Hjoed de dei is it prûmkjen al lang út ’e moade. As jo ris ien sjogge mei in prûmke tusken de kiezzen, dan falt dat fuortendaliks op. Der binne ek wurden dy’t eartiids folksriem wienen, mar dy’t no mar selden mear ien yn ’e mûle nimt. Under de namme ‘prûmkewurden’ besprekt Henk Wolf de kommende tiid in stikmannich fan sokke wurden.

Troch Henk Wolf

Yn guon supermerken kinne jo noch wol in snies aaien keapje, mar de measten fan ús keapje in doaske fan in healsnies of minder. In snies is in tweintichtal en in healsnies binne fansels tsien. It wurd wurdt lang net foar alles brûkt, mar typysk wol foar aaien en earder ek foar hjerringen.

Snies is in wurd dat jo net in protte mear tsjinkomme. Doch wie it fier yn ‘e tweintichste ieu noch aardich gewoan. Der is sels wat idioom omhinne boud. Sa waard earder wol sein dat der fan it ien of oar wol ienentweintich yn in snies geane. Dat wie fansels net posityf bedoeld. Hjoed de dei wurdt yn in ferlykbere betsjutting wol sein dat der trettjin yn in dozyn geane. En foar by ‘t soad koenen jo earder ek by ‘t snies sizze. Sa hie Waling Dykstra it oer in keapman “dy’t pleatsen by ‘t snies hat”.

It Nederlânsk hie de foarm snees en dy set ús op it spoar fan it komôf fan it wurd. Yn âlder Nederlânsk komt snese nammentlik foar yn de betsjutting ‘tûkje, twychje, prikje’. De Skandinavyske talen ha dat wurd ek: yn it Sweedsk is in sneis of snes in tûkje en yn it Noarsk wurdt sneis yn dy betsjutting brûkt. Mooglik binne dy wurden besibbe oan snije. Dan soest tinke kinne oan twychjes dy’t fan ‘e beam ôfsnijd binne.

Fanâlds wie in snies nei alle gedachten it tal datst oan in bûchsum twychje riuwe koest. Dêrby gong it wis net om aaien, mar mooglik al wol om fisken. Letter moat snies him ûntwikkele ha ta in wurd dat mei tûkjes neat mear te krijen hie, mar wol it oantal fan tweintich útdrukte, sa’t wy by in tsientonner ek net mear tinke oan in auto mei it gewicht fan tsien tonnen fol goudstikken.

Oprop: der binne mear útstjerrende wurden foar mjitienheden. Witte jo noch wat in ‘pûnsmiet’ is of hawwe se jo wolris nuver oansjoen as jo it hiene oer ‘twatoms hout’? Brûke jo mjitienheden dy’t oaren net mear begripe? Lit it ús dan witte op ynfo@itnijs.frl of fia Facebook. De moaiste ferhalen pleatse wy op ús webstee.

septimber 22, 2017 13:04 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*