Prûmkewurden: gagel

septimber 7, 2017 14:12

foto: Morguefile

Wa man rûn eartiids net mei in prûmke tusken de kiezzen? Hjoed de dei is it prûmkjen al lang út ’e moade. As jo ris ien sjogge mei in prûmke tusken de kiezzen, dan falt dat fuortendaliks op. Der binne ek wurden dy’t eartiids folksriem wienen, mar dy’t no mar selden mear ien yn ’e mûle nimt. Under de namme ‘prûmkewurden’ besprekt Henk Wolf de kommende tiid in stikmannich fan sokke wurden.

Kollum troch Henk Wolf

Kunde fan my set út en troch in wurd op Facebook yn it Sealterfrysk. Dat is de foarm fan it Frysk dy’t praat wurdt yn it Sealterlân, krekt oer de grins yn Dútslân. It is in spultsje: minsken moatte riede wat de betsjutting fan it wurd is.

Ik fyn it altyd in moaie puzel. Sa ek doe’t in pear dagen lyn it wurd ‘Jäigel’ op myn skerm ferskynde. Ik seach fuort net in wurd dat dêr yn ús Westerlauwersk Frysk op like, mar in Fryske j- is gauris ûntstien út in g- en it Frysk hat wol ‘gagel’. En jawis, dat wie fan oarsprong itselde wurd.

In pear dagen letter frege de einredakteur my oft ik net fan tiid ta tiid in kollumke skriuwe woe foar It Nijs oer fergetten wurden. Dat woe ik wol en ‘gagel’ like my poergeskikt foar de earste ôflevering.

‘Gagel’ is in âlderwetsk wurd foar it mûlebinnenst. Soms kinne jo it oersette as ‘toskfleis’, soms as ‘ferwulft’. Fan ien dy’t it praat út hat, waard earder wol sein dat er “gjin gagel mear hie”.

It wurd komt ek yn it Nederlânsk foar en mooglik is it yn it Frysk sels in Nederlânsk lienwurd. Dat soe wol de g- oan it begjin ferklearje. Neffens it Wurdboek fan de Fryske Taal komt it pas yn ’e jierren tritich fan ’e tweintichste ieu yn it Frysk op. Doch moat it yn de Germaanske talen in stik âlder wêze. Yn it Aldingelsk kaam ‘geagl’ foar yn ’e betsjutting ‘kiel’. Dat moat wol deselde oarsprong hawwe. It modern-Ingelske ‘to gag’ (‘kokke’) is dêroan besibbe. Wurden lykas it Fryske ‘geauwe’ en it Nederlânske ‘geeuwen’ binne dat mooglik ek. Yn it Yslânsk komt noch in tiidwurd ‘gaga’ foar, dat ‘de nekke achteroer bûge’ betsjut. De oerbetsjutting moat soks as ‘hals’ of ‘nekke’ wêze.

Oprop: der binne mear útstjerrende wurden foar lichemsdielen. Witte jo noch wat in ‘widnersbonkje’ is of wêr’t jo yn ‘e ko de ‘minneflatte’ fine? Brûke jo wurden foar lichemsdielen fan minsken of bisten dy’t oaren net mear begripe? Lit it ús dan witte op ynfo@itnijs.frl of fia Facebook. De moaiste ferhalen pleatse wy op ús webstee.

septimber 7, 2017 14:12
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Frgast septimber 8, 00:05

    Sa, wer in nij wurd yn myn notysjes.
    Tige by tige

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.