Orkaan Maria rjochting Boppewynske Eilannen

septimber 19, 2017 10:01

Foto: morguefile.com

Orkaan Maria is op wei nei Sint-Eustatius en Saba útgroeid ta in orkaan fan de fyfde kategory, de heechste kategory dy’t der is. Yn de orkaan wurde wynfaasjes metten oant 260 kilometer yn ’e oere. Maria is dêrmei hast krekt sa krêftich as de orkaan Irma. De orkaan is om 03.15 oere oan lân kaam op it eilân Dominica. De premier fan Dominica skreau op Facebook: “Wy witte net wat der bûten bart. Wy doarre net nei bûten te sjen, mar wy hearre wol it lûd fan rûnfleanende golfplaten dakken.” Net folle letter sei er dat syn dak ek ferwûn is en dat syn hûs ûnder wetter stiet.

Maria ferpleatst har mei in faasje fan sa’n 15 kilometer yn ’e oere rjochting it noardwesten en sil yn ’e rin fan de moarn (Nederlânske tiid) ticht by Saba en Sint-Eustatius lânslûke. Dy eilannen sille nei alle gedachten net de folle laach krije. It each fan de orkaan sil besuden derfan passearje. It troch orkaan Irma swier troffen Sint-Maarten bliuwt nij lijen nei alle gedachten foar it grutste part besparre, al kin it eilân wol in protte reinwetter ferwachtsje.

Puerto Rico
Yn ’e nacht fan tiisdei op woansdei kriget ek Puerto Rico lêst fan Maria. Op dat eilân foel troch orkaan Irma hast oeral de stroom út. Noch altyd sitte 70.000 bewenners sûnder elektrisiteit. De gûverneur fan it eilân warskôget dat Maria wolris katastrofaal útpakke kin trochdat de ynfrastruktuer dochs al ferswakke is.

septimber 19, 2017 10:01
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.