Online feestje foar Frysk en oare lytse talen

septimber 26, 2017 14:33

It is hjoed safier! Tiisdei 26 septimber is it Fryske Social Media Dei. De Fryske Social Media Dei is ûnderdiel fan de Ynternasjonale Social Media Dei foar Lytse Talen. Yn tsjinstelling ta de eardere Fryske Twitterdei is dit net allinne in Frysk feestje, mar dogge tal fan oare organisaasjes út mear as 16 oare regio’s yn Europa ek mei. Under mear Baskelân, Ierlân, Malta, Kataloanië, de Sorben, Friulië, Cornwall, Wales en Galisië dogge mei.

Beide inisjativen wurde organisearre troch de minsken fan de Praat-mar-Fryskkampanje fan de Afûk.

“Mei dizze aksje wolle wy de drompels om it Frysk te brûken fuortnimme en it brûken fan it Frysk op social media lykas Twitter, Facebook en Instagram stimulearje. Earder hiene wy fansels de Fryske Twitterdei, mar dat wurdt no dus in stik breder. Dêrneist litte wy sa it ferskaat oan lytse talen yn Europa sjen op Social Media en lizze wy ferbiningen tusken de ferskillende mienskippen.” seit Mirjam Vellinga, projektlieder fan Praat mar Frysk.  “Elke mienskip sil besykje om syn taal yn syn lân sa goed mooglik foar it fuotljocht te bringen op social media en dêr helpe wy inoar by.”

Meet and Greet estafette
Troch de dei hinne steane de ferskillende talen dy’t meidogge in healoere sintraal. Alle oare dielnimmende taalmienskippen begroetsje dy taalmienskip dan yn harren eigen taal. “It Frysk stiet tusken 12.30 en 13.00 oere sintraal. It is allegear wat in eksperimint fansels, dat wy sille sjen hoe’t it giet. It wurdt grif in moai online feestje foar elkenien dy’t it Frysk en oare lytse talen in waarm hert tadraacht.”

#Frysk en #EDL2017
Foar Fryslân dogge der wer in soad bekende Friezen, ynstellingen en bedriuwen mei lykas: Jorrit Bergsma, Iris Kroes, Lutz Jacobi, MCL, Omrop Fryslân, Mercator, Tresoar, Ziggo Nederland en Arriva.

De mienskiplike #hekstek foar alle dielnimmende talen is #EDL2017 (European Day of Languages 2017).

Mear ynformaasje is ek te finen op www.thisismylanguage.eu.

septimber 26, 2017 14:33
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.