Omrop Fryslân nedich om it Frysk te befoarderjen

septimber 9, 2017 08:00

 Kollum fan Frâns Kuipers

Doe’t ik de kollum ‘Dwers’ fan Pieter de Groot yn de Ljouwerter krante fan juster, freed 8 septimber lies, tocht ik: Pieter hat gelyk, de takomst fan it Frysk is in ivich tema! Tsjinstelde krêften yn Fryslân oer wat it bêste is om te dwaan foar it Frysk – it liket op it lûken oan in dea hynder. Ik rûs dat sa’n hûndert beropsminsken fant it wurkjen oan de takomst fan it Frysk har berop makke hawwe of it dêrtroch krigen hawwe. Yn de tiid besjoen: hoefolle (ek yn it sâlt bebiten) Friezen binne – sûnt 1345 – aloan oan it fjochtsjen foar it behâld en it befoarderjen fan it Frysk? Wat dêrby opfalt is dat der gjin ienheid is oer de oanpak fan it ivige tema ‘de takomst fan it Frysk’. Just net!

Bern, âlden, paken en beppen
It is bekend – tink oan Geert Driessen fan Nijmegen yn Tresoar op 10 juny 2016 – dat it fuortbestean fan it Frysk ôfhinget fan bern. De fraach is hoe’t jonge bern omgeane mei it Frysk. Sa besjoen leit de oplossing net by ynstituten. Nee, de oplossing blykt te lizzen yn húshâldingen, yn it ûnderwiis, yn buerten, yn doarpen, dêr’t bern en harren âlden, paken en beppen wenje en libje. Yn de thússituaasje, berne-opfang, skoallen, buerten, ferieningen ensafierder sil de Fryske taal folle mear ‘klinke’ moatte. Juffen en masters soene it Frysk, yn spraak en skriuwen, behearskje moatte. Dat soe in eask wêze kinne by in oanstelling, mei in hegere beleanning as preemje. Wat jo deryn triuwe, komt der úteinlik ek wer út. Oarsom is it ek sa: triuwt men der neat yn, dan komt it der ek neat út. Dat is te ferlykjen mei sport en training. Sûnder trochgeande training komt in sporter net sa fier.

Foto: pixabay.com

Taak foar Omrop Fryslân?
In maklike manier om it Frysk yn de huzen en de skoallen te bringen is troch dêr Omrop Fryslân by yn te skeakeljen, want dy kin oeral yn Fryslân (en oer de hiele wrâld) ûntfongen wurde. Mar nijs en ferdivedaasje yn it Frysk sjen en hearre litte, is net genôch. Dêrom myn útstel: stel by Omrop Fryslân fjouwer of fiif nije beropskrêften oan mei de spesifike taak om it Frysk op in boartlike, kreative, kulturele wize by de minsken thús en yn de skoallen te bringen. Mei help fan de moderne sosjale media lykas twitterjen, apps ensafierder, kinne Fryske taalbefoarderingsprogramma’s digitaal ynteraktyf en oantreklik makke wurde. Kreative en pedagogysk-didaktysk ûnderleine (jongere) minsken binne dêr grif wol foar te finen. Nij betelle wurk by de Omrop.

Jild
Jild foar fernijing of feroaring is hast altyd de earste kearnfraach. Dat liket logysk, mar dat is it net. As de polityk it belang derfan ynsjocht, folget it finen fan it nedige jild fansels. It jild dat bygelyks oant no ta útjûn wurdt oan ynstellingen foar taalbefoardering Frysk, soe op ’e nij ferdield wurde kinne. Ut de pot ‘Frysk’ (rûchwei 100 fte/fulltime beropskrêften) sille fjouwer of fiif fte’s ‘oerhevele’ wurde moatte nei Omrop Fryslân. Mei dat jild kinne nije, jonge, kreative, kultuerbewuste beropskrêften by Omrop Fryslân oan it wurk. De bal begjint dan fansels te rôljen. Wa wit, wurdt it ivige tema ‘de takomst fan it Frysk’ dan wat koarter.

 

septimber 9, 2017 08:00
Skriuw in reaksje

3 opmerkingen

  1. Bob Buwalda septimber 10, 10:30

    Omrop Fryslân moat sa gau as mooglik is beginne mei interviews wer de geïnterviewden frysk prate instee fan Nederlânsk, neffens my is dat net sa’n grutte poepetoer om by sa’n interview eerst te freegjen wa frysk praat. Bob Buwalda

  2. Jehannes Elzinga septimber 12, 14:04

    Bob Buwalda: Ik soe sizze, lit Omrop Fryslân ris begjinne om de interviewers yn alle gefallen Frysk prate te litten. Te faak bart it dat sjoernalisten fan OF bern fragen yn’t Frysk stelle, omdat se tinke: dy sille wol gjin Frysk ferstean. Sa is der gjin inkelde oantrún foar bern om Frysk te learen! Hollânskpraters dy’t soms al tsientallen jierren yn’t yn Fryslân wenje kinne bêst Frysk ferstean en ek dan ferbrekke OF sjoernalisten harren te maklik. It belied moat wêze dat alle OF sjoernalisten fragen yn it Frysk prate en dan leafst geef Frysk!

  3. Jehannes Elzinga septimber 12, 14:14

    Sorry, in flater: ik bedoel : te faak bart it dat OF sjoernalisten bern fragen yn it Hollânsk stelle, omdat se tinke: dy sille wol gjin Frysk ferstean. Just bern wenne hiel maklik oan in oare taal as at se thús brûke. Sa haw ik in Switserske omkesizzer, dy’t as er yn Fryslân by pake en beppe útfanhuze, yn in omsjoch Frysk ferstie en binnen twa wiken sels flot Frysk prate koe!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*