Oargelkonsert yn de Johannestsjerke fan Burchwert

septimber 12, 2017 18:00 Fernijd

Freedtejûn 15 septimber sil Eeuwe Zijlstra in oargelkonsert jaan yn de Johannestsjerke fan Burchwert.

Eeuwe Zijlstra is oargelist en allround musikus. Hy hat in grutte passy foar oargels. Dat er de latte foar himsels heech leit is te hearren. Wa’t in konsert fan him meimakke hat, les fan him hân hat of oan in ekskursje of workshop fan him dielnommen hat, hat ûnderfûn watfoar in rasmusikus Zijlstra is. Hy sjocht himsels as ambassadeur fan oargels en oargelmuzyk.

It oargel fan Burchwert is okkerjiers skitterjend restaurearre. It klinkt sa’t it derút sjocht: it skitteret der letterlik oer. Zijlstra is in grut leafhawwer fan dit oargel. Foar syn programma hat er in repetoire útsocht dat dêr prachtich by past.

It konsert begjint om 20.00 oere. De tagongspriis is € 7,50 en neitiid is der in bakje kofje of tee mei selsbakte cake en gelegenheid om eefkes mei de oargelist nei te praten.

septimber 12, 2017 18:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*