Nije Frysktalige natuergids oer poddestuollen

septimber 11, 2017 10:44

 

 

Op 23 septimber sil Poddestuollen útkomme, de nijste Frysktalige natuergids. De gids is skreaun troch Sake P. Roodbergen fan Akkrum. De foto’s binne makke troch Gosse Haga e.o.

Yn Nederlân komme sa’n 4200 ferskillende puoddestuollesoarten foar. Fan dat grutte oantal wurdt yn de gids in oantreklike seleksje beskreaun. Dat wol sizze dat in kar makke is út de soarten dy’t it meast foarkomme en it opfallendst binne. It aksint leit dêrby op de Fryske situaasje. De gids is ta stân kommen yn gearwurking mei saakkundigen fan de Fryske puoddestuollebeweging.

Poddestuollen is de fiifde natuergids yn de rige fan Frysktalige gidsen: Fûgels (2005), Blommen (2013), Deiflinters en Libellen (2015) en Nachtflinters (2016). In gids oer tuorren sil it earstfolgjende diel wêze.

De gids wurdt útjûn troch Utjouwerij Wijdemeer yn Ljouwert.
ISBN 978-94-92052-36-0
224 siden
Priis € 12,50

septimber 11, 2017 10:44
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Cor Jousma septimber 12, 10:28

    Pakes en Beppes,

    Sokke gidskes hearre yn alle húshâldings. Dan krije sokken grif gjin oanstriid om der noch in Nederlânsktalige njonken te lizzen…

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*