It Nederlânske fitale belang freget om nije oriïntaasje op Frankryk en Dútslân

septimber 12, 2017 08:00

Kollum fan Sybren Singelsma

Yn Nederlân wurdt gauris tocht dat de Nederlânske belangen parallel rinne oan dy fan Grut-Brittannië. Dêr wie yn de fyftiger jierren ek wol wat foar te sizzen. Beide lannen sochten nei WOII en it kwytreitsjen fan de koloanjes om in nij plak yn de wrâldekonomy en benammen de wrâldhannel. As ‘founding father’ fan de EEG mocht dy lêste dan in goed ynstrumint foar Nederlân wêze om de hannel yn Europa feilich te stellen, it mocht gjin proteksjonistysk kontinintaal systeem wurde dat te’n koste gean soe fan de globalere Nederlânske belangen. De EEG moast foar Nederlân ek ûndergeskikt bliuwe oan de NAVO, omdat feilichheid boppe ekonomy gie yn de tiid fan de Kâlde Oarloch. Sawol foar de Nederlânske feilichheid as foar syn ekonomysk belang like it Britsk EEG-lidmaatskip dan ek goed te wêzen en dat waard spearpunt fan it Nederlânske belied. Spitich dat de Britten earst sels net meiwurken, mar yn 1972 waard harren EEG-lidmaatskip dan dochs in feit.

Sûnt dy tiid is de wrâld wol feroare. Nederlân is neist hannels- ek yndustrylân wurden. De âlde EEG is de basis wurden foar hechter polityk gearwurkjen en ienwurden yn Europa. Dy EU hat safolle wrâldwide hannelsakkoarten sletten dat in eventuele tsjinstelling fan ‘kontinintaal Europa’ foar ‘globale belangen’ oer net mear bestiet. De USSR en syn fazalsteaten yn East-Europa besteane net mear en de Amerikaanske feilichheidsgarânsje foar Europa is net mear fanselssprekkend. Op himsels binne dat al genôch redenen om de Nederlânske fitale belangen ris goed te besjen; de Brexit makket dat needsaaklik. No’t it der ommers op liket dat de Britten net iens mear harren eigen belangen tsjinje kinne, kinne we der wis fan wêze dat se dy fan Nederlân yn alle gefallen net tsjinje sille.

Boud op de Frânsk-Dútske as, binne Grut-Brittannië, Italië, Spanje en Poalen grutmachten yn de klassike EU wurden. No’t Grut-Brittannië út de EU giet en it ekonomyske oplibjen foarm begjint te krijen, docht bliken dat dochs allinne de Frânsk-Dútske as de politike rjochting fan de EU bepaalt. Alles wat Grut-Brittannië de lêste jierren tsjinholden hat komt no wer op de politike wurklist te stean, en dat sille Spanje, Italië en Poalen om ferskillende redenen net beynfloedzje, mei oare wurden, behalve Poalen komt it harren goed út.

No moat Nederlân in fûnemintele kar meitsje. In kar dy’t berêste moat op de ûnderstelling dat op dit stuit Dútslân foar Nederlân de earste hannelspartner is, sawol wat útfier as ynfier oanbelanget. Boppedat is Nederlân it belangrykste trochfierlân, dêr’t de haven fan Rotterdam in sintrale rol by spilet. Hannel mei Grut-Brittannië bûten de Uny sil ôfnimme troch it ûntstean fan taryfmuorren. De ekonomyske werklikheid fersterket it politike lûk. Nederlân moat akseptearje dat Grut-Brittannië net mear dielnimt oan de Europeeske gearwurking en ienwurding en dat Dútslân, ús belangrykste hannelspartner, dêr krekt it inisjatyf yn nimt.

Njonken de ekonomy moatte wy fansels de feilichheidsdiminsje ûnder eagen sjen. Grut-Brittannië sil der yn NAVO-ferbân aloan de klam op lizze dat it in kearnmacht is en in spesjale ferhâlding mei de Feriene Steaten hat. Dat mei dan wier wêze, dyselde FS hat Europa troch presidint Trump tige dúdlik makke dat it ferwachtet dat Europa syn eigen definsje betellet. En dêrmei komme de ekonomyske en definsjebelangen fan Nederlân gelyk te rinnen yn de Europeeske Uny. De politike takomst fan de EU wurdt no agindearre troch presidint Macron en kânselier Merkel, saak foar Nederlân om him dêr sa nau mooglik by oan te sluten sadree’t Merkel wer keazen is en Rutte wer yn it Torentje sit.

Sybren Singelsma is Ofdielingshaad by it Komitee fan de Regio’s fan de Europeeske Uny.
Hy skriuwt foar It Nijs op persoanlike titel.

 

 

septimber 12, 2017 08:00
Skriuw in reaksje

5 opmerkingen

  1. Weda septimber 12, 18:26

    Sjoch wa’t seit; saak foar Fryslân om him dêr sa gau mooglik los fan te meitsjen foardat it te let is.

  2. Sybren septimber 13, 20:19

    Los meitsje fan wat? Nederlân of Europa?

  3. Jan A. Schulp septimber 13, 21:06

    Singels hat simpelwei gelyk: orientaasje op Dútslân is earste needsaak.Li dat ek yn it ûderwiis útkomme: mear Dútsk, minder Ingelse.

  4. Weda septimber 14, 11:55

    Fan beide , Sybren.
    Yn it sintralistyske Europa, dêr ‘t û.o. Juncker fan dreamt, is gjin plak foar minderheden en omdat De Haach in trouwe fazal is yn Nederlân ek net.
    Sjoch mar ris nei de tsjinwurking op alle mêden en alle bestuursorganen en nei de wrakseling fan de Katalanen om yn it sabeare “demokratyske” en “minskenrjochtenfreonlike” Europa in kar foar in eigen wei te meitsjen.
    Oplossings lizze yn in Europa fan naasjes: sjoch The European Democracy Lab.

  5. Sybren Singelsma septimber 15, 13:56

    Beste Weda, ik haw it besjoen, mar snap net hoe as in Europ van naasjes rjucht dwaan kin oan it Europa fan de Regio’s.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*