Nederlanner (24) omkaam troch lawine by kuiertocht

septimber 22, 2017 09:52 Fernijd

Berchtesgadener Alpen (Wikipedia/Mg-k-M.-Klüber-Fotografie)

Yn it Dútske Schönau am Königssee is in 24-jierrige Nederlânske man omkaam troch in lawine. Dat berjochtet de plysje. Fjouwer Nederlanners wiene oan it kuierjen doe’t se oan ’e ein fan de middei oerfallen waarden troch in lawine. It slachtoffer foel fjouwer meter nei ûnderen ta, kaam mei de holle op rotsen telâne en ferstoar fuortdaliks.

De oare trije, ûnder wa de âlden fan it slachtoffer, rekken net ferwûne. Hja koene pas nei oeren de helptsjinsten berikke, om’t se op it plak fan it ûngelok gjin berik hiene mei har telefoan. Fjouwer rêdingshelikopters waarden ynset om de famylje op te spoaren. It trijetal wie neffens de plysje licht ûnderkuolle en yn shock. Schönau am Königssee leit by de Berchtesgadener Alpen oan ’e grins mei Eastenryk.

septimber 22, 2017 09:52 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.