Madrid driget: mediaferbod op berjochtjouwing oer referindum

septimber 13, 2017 23:36

It Spaanske Iepenbier Ministearje is in strafrjochtlik ûndersyk begûn nei 720 Katalaanske boargemasters. It binne boargemasters fan gemeenten dy’t meiwurking tasein hawwe oan it referindum oer ûnôfhinklikens fan 1 oktober. In Spaanske rjochter hat alle meiwurking oan dat referindum ferbean. Alle Katalaanske ministers, parlemintsleden en de heechste amtners hawwe in warskôging krige dat hja ferfolging ferwachtsje kinne as hja oan it referindum meiwurkje.

De media wurde ek ûnder druk set. De haadredakteur fan ‘e Katalaanske omrop TV3 hat neffens de Katalaanske krante El Nacional in warskôging krige fan in hege rjochter dat er ferfolge wurdt as syn omrop it referindum “stipet” troch der op ‘e radio of televyzje omtinken oan te jaan.

Wilens hat in grut part fan ‘e Katalaanske gemeenten likegoed syn meiwurking tasein. Op it kaartsje hjirnêst binne alle Katalaanske gemeenten te sjen. De blauwe gemeenten dogge mei, de readen net.

septimber 13, 2017 23:36
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*