Konsumint bepaalt wat boer út ko en natuer hellet

septimber 12, 2017 07:00

Tiisdei 26 septimber 2017 hâldt de FNP-ôfdieling Súdwest-Fryslân in temajûn oer lânbou. Op dat mêd libje in soad fragen: hokker kant giet it op mei de lânbou yn Fryslân? Hoe behâlde wy de greidefûgels en fersterkje wy bioferskaat, wylst de boer dochs in goed stik bôle fertsjinnet? Hoe kin ‘Brussel’ dat stypje? En moat de konsumint de omslach yn de lânbou betelje?

Prof. dr. Theunis Piersma, heechlearaar trekfûgelekology oan de Ryksuniversiteit Grins, sil it hawwe oer de fraach oft ekonomy en ekology eins wol te ferienigjen binne yn it boerebedriuw.
Europarlemintariër Jan Huitema, politikus en boer, sil hearre litte hoe’t ‘Brussel’ oer lânskipspine tinkt en wat hy dêr sels fan fynt. Hat it gongbere boerebedriuw de takomst of sille it úteinlik allegearre biologyske bedriuwen wurde?
Dr. Eva van den Broek, gedrachsekonoom oan de Universiteit fan Wageningen, giet yn op de fraach hoe’t it keapgedrach fan konsuminten wat suvelprodukten oangiet te beynfloedzjen is.

De jûn begjint om 19.30 oere en wurdt holden yn de Grutte Golle fan maatskip Hoekstra, Pasfeardyk 6, 8631 SK Snits. It biologyske melkfeebedriuw fan Hoekstra is ek bekend as kamping Pasveer. De gearsit wurdt om likernôch 22.00 oere mei in drankje ôfsletten.

 

septimber 12, 2017 07:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*