‘Ketterske’ dûmny Kuitert stoarn

septimber 12, 2017 22:48

Dr.H.M.Kuitert, © Wikipedy

Yn Amstelfean is freed de ferneamde teolooch Harry Kuitert – fan Frysk komôf, berne yn Drachten –  stoarn. Hy lei yn de jierren sechtich al in basis foar it gearfoegjen fan de Herfoarme, Grifformearde en Lutherske tsjerken, fia ‘Samen op Weg’ ta de Protestantske Tsjerke yn Nederlân. Mar hy sil benammen ûntholden wurde troch syn – yn syn tiid en fermidden – revolúsjonêre fyzje op it leauwen dy’t in protte opskuor ûnder kristenminsken teweibrocht. Kuitert weefde yn de rin fan syn libben stadichwei ôf mei alle tsjerklike dogma’s. Yn syn boeken, dy’t er foar in part skreaun hat yn syn twadde hûs yn Kollum en dy’t omraak ferkochten, sneuvelen bygelyks efterinoar de hel, de himel, it fermoedsoenend lijen fan Jezus, de godlike Jezus, de persoanlike God en by einbeslút sels it bestean fan God. “Al it praten oer boppe komt fan ûnderen”, waard syn biedwurd. Behâldende tsjerkegongers wearzgen fan syn yn harren eagen ketterske ideeën. Foar twivelmoedigen foarmen dy just in oantrún om de tsjerke te ferlitten. Sels woed er troch ûnder wurden te bringen wat der ûnder it tsjerkefolk libbe just tefoarren komme dat de tsjerken leechrûnen. Hy pleite foar ûntjouwing fan it leauwen troch ûnôfhinklik tinken, sa’t er sels ek die en dat er syn meast Fryske eigenskip neamde.

Lês mear details oer libben en wurk fan Harry Kuitert op de Wikipedy.

 

septimber 12, 2017 22:48
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*