Jappy (fan it sûkeladefabryk) hie swart wêze moatten

septimber 14, 2017 12:08

Roald Dahl woe fan Jappy (Sjakie/Charlie) út syn ferneamde berneboek Jappy en it Sûkeladefabryk (1964) earst in swart jonkje meitsje. Tsjin in BBC-radioprogramma fertelde Dahls widdo Liccy dat se it noch hieltyd tige spitich fynt dat Jappy wyt waard. Hja waard ynterviewd om’t it woansdei de 101ste bertedei fan har man wie.

Dahl feroare Jappy yn in wyt jonkje op oantrunen fan syn ympresario, sei syn biograaf tsjin de Britske omrop. “Syn agint fûn it in min idee om in swarte held te hawwen. Minsken soene dan riede nei de reden.” Liccy Dahl sei dat se it geweldich fine soe as in werprintinge fan it boek sa bewurke waard dat it oarspronklike idee fan har man dochs noch brûkt wurde soe.

septimber 14, 2017 12:08
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*