Irma: noed oer heech wetter yn Floarida

septimber 11, 2017 09:35

Foto: morguefile.com

De orkaan Irma is yn ôfswakke foarm oer de tichtbefolke regio om Tampa hinne oan de westkust fan Floarida lutsen. De krêft fan de orkaan is ôfswakke nei kategory 1. It each fan de orkaan bleau eastlik fan Tampa. De skea yn it stedsgebiet sil dêr nei alle gedachten minder grut troch wêze as earder ferwachte waard. No’t de orkaan nei it noarden fan it binnenlân giet, wurdt der yn it kustgebiet warskôge foar in stoarmfloed as gefolch fan de draaiende wyn.

De orkaan, doe noch krêft 4, feroarsake yn ’e nacht fan snein op moandei in protte oerlêst yn it súdwesten fan Floarida. Sa’n 3,4 miljoen húshâldens hawwe gjin stroom mear. De fleanfjilden fan Tampa, Orlando en Miami binne ticht. Sa’n 160.000 minsken hawwe har taflecht socht yn skûlkelders en oare feilige plakken, om it ferrin fan de stoarm ôf te wachtsjen.

Yn Miami, oan de eastkust, steane parten fan de stêd ûnder wetter. Yn dy stêd en ek yn Fort Lauderdale hat de plysje in tal minsken oppakt fanwege ynbraken en plondering. Yn Miami jildt in jûnsklok, dy’t pas opheft wurdt as it wer feilich is om de dyk op te gean.  Yn St. Petersburg en Tampa wurdt warskôge foar tornado’s en oerstreamings, want letter op de dei wurdt noch hieltyd in protte reinwetter ferwachte.

De autoriteiten yn Floarida seine ôfrûne nacht dat se noch gjin meldings krigen hiene fan “katastrofale skea”. Mar it koördinaasjesintrum foar needhelp seit mei klam dat der gjin totaalbyld is fan de skea. Foar’t Irma by Floarida oan lân kaam, rjochte de orkaam in ravaazje oan yn it Karibysk gebiet. Dêrby foelen 24 deaden. Op de Amerikaanske Key-eilannen sille by deiljocht alle huzen kontrolearre wurde op mooglike slachtoffers.

Presidint Trump hat it natuergeweld fan Irma offisjeel as grutte ramp betitele. Dêrtrocht kin Floardia beskikke oer ekstra federale helpjilden om de skea te reparearjen. Meteorologen berjochtsje dat Irma nei Tampa mear it lân yn oer Floarida nei it noarden ta lûkt, yn de rjochting fan Georgia en Alabama.

septimber 11, 2017 09:35
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.