In moai inisjatyf (boekbesprek)

septimber 13, 2017 12:37

Boekbesprek

Ein juny brocht Utjouwerij Regaad de roman Ventoux fan Bert Wagendorp út yn de oersetting fan Martsje de Jong fan Bitgum. Regaad rjochtet him op de produksje fan Fryske oersettingen yn heechweardige útjeften, mei as doel it Frysk lêzen te befoarderjen.

De Nederlânske ferzje, dy’t yn 2013 útkaam, waard yn it telefyzjeprogramma De Wereld Draait Door útroppen ta Boek fan ’e moanne en wie al gau in ferkeapsukses. Yn maaie 2017 kaam de 31ste printinge út. It boek is ûntstien út it senario foar de film Ventoux dy’t – letter as it boek – yn 2015 útkaam. Bert Wagendorp (1956) studearre Nederlânsk yn Grins, wie fan 1985 oant 1988 sportferslachjouwer by de Ljouwerter Krante en is tsjintwurdich columnist by de Volkskrant.

It boek
Yn Ventoux fertelt de sjoernalist Bart Hoffman hoe’t hy en fjouwer freonen en ien freondinne – André, Joost, David, Peter en Laura – om 1980 hinne yn Sutfen op it Baudartius sieten. Guon koene inoar al fan de beuker- en de legere skoalle, oaren wiene der letter by kommen. In pear fan harren binne fytsfanaat. Se prate ôf om daliks nei it eineksamen yn 1982 mei-inoar op fakânsje te gean nei de Provence en dêr de Ventoux te beklimmen, guon op ’e fyts en de oaren yn in folchauto. Dat rint raar ôf, want ien fan harren, de talintfolle dichter Peter Seegers, ferûngelokket. Nei de begraffenis reitsje se inoar kwyt. Bart en David sjogge inoar noch wol geregeld, mar elkenien giet syn eigen wei. Nei tritich jier komt Bart, dy’t nei de sport- yn de misdiedsjoernalistyk belâne is, suver by tafal André en Joost op it spoar. It trauma fan it ûngelok hawwe se net goed ferwurke, docht bliken. Laura, dy’t spoarleas ferdwûn wie, nûget fia Facebook de fjouwer manlju út foar in reüny yn Súd-Frankryk oan de foet fan de Ventoux. Dêr wurdt wer in soad fytst en praat, mar alle fragen wurde noch net beäntwurde. Folsleine dúdlikens ûntstiet net lang dêrnei. Dêrmei bliuwt it boek oan ’e ein ta spannend en blykt alles mei alles gear te hingjen. De roman sit knap yninoar.

Ventoux is in prachtige roman dy’t him maklik lêze lit. Der sit faasje yn. De personaazjes wurde dúdlik delset, elk mei syn eigen karakter en eigenaardichheden. It is in boek oer libjen, freonskip, leafde, rouferwurking, tiid en kiezen. It lêzen fan it orizjineel wie ik noch net oan ta kommen. No’t my frege waard om myn oardiel oer de Fryske edysje te jaan, wie dat in moaie oanlieding om lang om let dochs mei dit boek yn ’e kunde te kommen. Ik besleat om it sa te lêzen as wie de Fryske útjefte it orizjineel. Soe it as in Frysk boek oandwaan of soe te fernimmen wêze dat it út it Nederlânsk oerset is? Soe ik flot trochlêze kinne of soe it lêzen hieltyd stûkje troch fragen dy’t it taalgebrûk opropt, sa’t my dat by Fryske boeken de lêste jierren faak oerkomt? Lit my daliks mar sizze dat Ventoux lêst as in echt Frysk boek. Al spilet it yn de Achterhoek, de Rânestêd en Frankryk, it is krekt as binne de spilers en de ferteller Friezen. Myn einoardiel is lykwols net yn alle opsichten posityf. Ik bliuw mei nochal wat fragen oangeande de oersetting sitten.

Fragen
Ik freegje my bygelyks ôf watfoar doel it hat om útnûgje wol neffens de staveringsoanpassing fan 2015 te skriuwen, mar telefyzje net (no ja, twa kear wol, mar alle oare kearen net) en wêrom’t gearstallingen lykas meielkoar hast altyd as twa losse wurden skreaun wurde. Neffens de wurdboeken is it ien wurd mei as it nedich is in streekje tusken de lidden en neffens de foarkarswurdlist wurdt it skreaun as mei-inoar. Ik freegje my ek ôf wêrom’t foar in protte wurden in minder gebrûklike fariant keazen is. As in ferhaal oer Friezen giet, kin ik my foarstelle dat yn de direkte rede it brûken fan sokke farianten doel hat om útkomme te litten wêr’t de sprekker wei komt, mar dat is hjir net it gefal, dat ik freegje my ôf wêr’t soks dan wol goed foar is. Foar de lêsbefoardering net, tink my. Myn lêzen alteast stûket dêr hieltyd troch en ik sil grif net de iennige wêze dy’t dêr lêst fan hat. By yn de skriuwtaal minder gongbere doetiidsfoarmen lykas begrypte en hinge (om mar in pear foarbylden te neamen) giet it my krekt sa. Tinke oersetter en útjouwer werklik dat begriep en hong dreger binne om te lêzen of te fier fan de trochsneed fryskprater ôf steane?

Njonken in protte moai Frysk taaleigen moat de lêzer nochal wat ûnnedige hollanismen en ynterferinsjes op ’e keap ta nimme. De lange list dy’t ik dêrfan byholden haw, kin faaks noch wolris fan pas komme foar de rubryk Opfryskers op It Nijs; ik sil dêr de lêzer fan dit boekbesprek net lestich mei falle. Op ien nei dan: it faak foarkommende type fan hy sit mei syn hannen yn syn hier. Gewoanwei sizze wy: “Hy sit mei de hannen yn it hier.” Sok al te letterlik oersetten is dochs net bedoeld om de lêzer yn ’e mjitte te kommen om’t er it oars net begripe soe? Of dat it te eptich klinke soe? Wat in earmoede! My bekrûpt de eangst dat it gjin bewuste kar is, mar dat in soad Frysk idioom al sa fier troch it Nederlânsk tebekdreaun is dat jongere generaasjes harren net fan de taalrykdom fan it Frysk bewust binne. As Regaad it Frysk lêzen befoarderje wol, mei ek wolris ûnder eagen sjoen wurde om watfoar Frysk it eins giet. In Frysk dêr’t suver alle taaleigen út ferdwûn is, sadat it him amper fan it Nederlânsk ûnderskiedt? Gelokkich sit der noch in soad geef Frysk yn dit boek. As it minne Frysk troch gever idioom ferfongen wie, wie it dêr net in dreger boek troch wurden en hie it de Fryske lêsbefoardering like goed, wat sis ik, better tsjinne en mear foldwaning jûn.

By eintsjebeslút: Hulde foar it inisjatyf om krekt dit boek oer te setten en der sa’n moaie útjefte fan te meitsjen!

Jan Breimer

Bert Wagendorp, Ventoux (Fryske edysje)
Oersetting Martsje de Jong
Utjouwerij Regaad
ISBN 978 90 821970 5 1
NUR 302
283 siden
priis: normaal € 10,–, mar op it stuit as Boek fan de moanne € 8,50

 

 

septimber 13, 2017 12:37
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*