Het Uur van de Wolf: ‘Ik begon te schrijven toen ik drie was’

septimber 5, 2017 16:51 Fernijd

Foto: NTR

It skriuwerskip fan Thomas Verbogt begjint as er trije jier is. Hy is noch net by machte om te skriuwen, mar ûntdekt de krêft fan selsbetochte ferhalen. De oarsaak leit yn in traumatysk barren dat him foarme hat: hy wurdt slim siik en by in sikehûsopname wurdt er foar lange tiid fan syn âlden en elkenien ôfsnien. It makket djippe yndruk op de lytse Thomas. “Doe waarden myn tinzen ferhalen, se fladderen om my hinne. Moaie en eangstige ferhalen, dy’t by my bleaunen, en treast joegen yn in bange dream. Sa oerlibbe ik.”

Filmmakster Ditteke Mensink makke yn nauwe gearwurking mei Verbogt in poëtyske ferbylding fan syn jeugdûnderfinings. De dokumintêre Ik begûn te skriuwen doe’t ik trije wie is in reis troch de holle fan de skriuwer. De fokus fan de film leit by de jeugdjierren fan Verbogt. Hy is in dreamerich bern dat graach allinne is en yn ’e holle in eigen wrâld makket. “Ik wol allinne mar skriuwer wêze, de rest kin my neat skille. Ik wol allinne mar alles betinke, oars reitsje ik yn panyk.” It fersteviget de bân mei syn mem, wylst it kontakt mei syn heit dreger wurdt. Yn de film rjochtet Verbogt him ta syn (ûnderwilens ferstoarne) heit, om de ôfstân mei him te oerbrêgjen.

De fisuele ynterpretaasje fan regisseur Mensink, dêr’t ûnder oare animaasjes yn brûkt wurde, jout romte oan de fantasij fan de sjogger. Dêrmei is de oandwaanlike film ek in oade oan de krêft fan ferbylding.

De dokumintêre wurdt útstoerd yn it programma ‘Het Uur van de wolf’ op tongersdei 21 septimber om 22.55 oere op NPO 2.
Rezjy: Ditteke Mensink
Produsint: Pieter van Huystee Film & TV

septimber 5, 2017 16:51 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.