Helptsjinsten oefenje grutskalich ûngemak op nije N31

septimber 12, 2017 16:00 Fernijd

Dielnimmer Neptunus

Op 14 septimber organisearret Feilichheidsregio Fryslân in grutskalige helpferlieningsoefening op it bouplak fan de nije autowei N31 by Harns. De oefening is fan 19.00 oant 22.00 oere, op ’e hichte fan de Almenumerwei. Troch te oefenjen riede de feilichheidsregio en de helptsjinsten har sa goed mooglik ta op ynsidinten yn de takomst. 

Oefenjen ynsidint yn in iepen bak
By de helpferlieningsoefening hawwe de helptsjinsten de mooglikheid om ûnderfining op te dwaan mei in ûngemak yn in iepen bak. Tagelyk kinne de helptsjinsten harren feardigens oanskerpje en de gearwurking tusken helptsjinsten ferbetterje.

Folgjen fan de oefening
Fanwegen de feilgens der omhinne lient de lokaasje him net om in grut publyk út te nûgjen. Dêrom wurdt de oefening live útstjoerd troch in drone en webcams fia www.veiligheidsregiofryslan.nl/oefening. Nijsgjirrigen kinne fia dat kanaal de oefening folgje.

Oefenjen mei in soad krisispartners
De partners dy’t oan de oefening meidogge binne: Brânwacht Fryslân, Plysje-ienheid Noard-Nederlân, Rykswettersteat, Reade Krús, Regionale Ambulânsefoarsjenning Fryslân en de Maritime Akademy. Gemeente Harns, Rykswettersteat en Provinsje Fryslân (Projektbureau N31) en Ballast Nedam hawwe de oefenlokaasje beskikber steld. Feilichheidsregio Fryslân koördinearret de grutskalige oefening.

Sûner en feiliger Fryslân
Yn Feilichheidsregio Fryslân wurkje Krisisbehearsking, Brânwacht Fryslân en GGD Fryslân mei-inoar oan in sûner en feiliger Fryslân. De ôfdieling Krisisbehearsking is ûnderdiel fan de Feilichheidsregio en ûnder mear ferantwurdlik foar it organisearjen fan oefeningen foar helptsjinsten.

septimber 12, 2017 16:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*