Hantwurkwykein op Folkshegeskoalle Schylgeralân

septimber 14, 2017 14:00 Fernijd

Karen Bies en Annelies van der Goot

Yn it wykein 13-15 oktober wurdt op Folkshegeskoalle Schylgeralân royaal omtinken jûn oan it sosjale aspekt fan it hantwurkjen: mei-inoar oan it wurk en ferhalen en techniken útwikselje. Gewoan lekker oan ’e slach mei breidzjen, haken, filtsjen, spinnen of bordueren. Gjin kursus, gjin les, mar lekker oan ’e slach. Gesellich mei in groep, op eigen nivo en yn eigen tempo en mei de mooglikheid om fierder t wurkjen oan hantwurkjes dy’t noch net ôf binne. Tuskentroch is der alle tiid foar in hearlike strânkuier, in fytstocht oer it eilân of in besite oan de sfearfolle doarpen fan it eilân.

De liedsters binne Karen Bies en Annelies van der Goot (beide út 1968), yn Fryslân bekend as sjoernalist. Se stamme út echte hantwurkfamyljes. Annelies hat earder de learare-oplieding Tekstile Wurkfoarmen dien. Se hawwe yn 2015 it ‘Projekt Jern’ betocht. Dêr wolle se beppen en memmen it plak yn de skiednis mei jaan dat se fertsjinje. Hoefolle hoazzen hawwe se wol net breide? Hoefolle sokken stoppe, truien breide, lekkentsjes borduerd? Mei harren warbere geskrep foarmen se it semint fan ús mienskip. Harren ambacht driget ferlern te gean, dêrom spant ‘Jern’ him yn om de ferhalen en it hantwurkjen fêst te lizzen.

It wykein begjint op freedtejûn 18.00 oere mei in waarm miel en wurdt yn it begjin fan de sneintemiddei sletten. Freeds mei de boat fan 15.00 oere út Harns wei.
Klik foar alle ynformaasje en foar it opjaan op www.folkshegeskoalle.frl/aktiviteiten.

septimber 14, 2017 14:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*