Grinzer skouboarch Oosterpoort moat sloopt wurde

septimber 14, 2017 08:42 Fernijd

Skouboarch De Oosterpoort yn Grins is yn sa’n minne steat dat it gebou net mear te rêden is. It moat sloopt wurde. Dat docht bliken út in ûndersyk dat de gemeente Grins útfiere litten hat.

De gemeenterie is ferbjustere en freget him ôf hoe’t it 46 jier âlde gebou sa slim fertutearze rekke wêze kinnen hat. Neffens de ûndersikers is der sprake fan tefolle efterstallich ûnderhâld. De SP wol sjen oft it gebou op ‘e ien of oare wize te rêden is.  De PvdA en de VVD nimme it de skouboarch kwea ôf dat dy de problemen net earder by de gemeente meld hat. By de evenemintehal Martini Plaza hat him in pear jier ferlyn in ferlykbere ferfelende ferrassing foardien.

D66 yn Grins wol dat de gemeente in oar plak siket foar in nije skouboarch. GrienLinks is just fan betinken dat dy op it plak fan ‘e âlde komme moat, deun by it sintrum.

septimber 14, 2017 08:42 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*