Gearstalling spilersploech ‘Marijke Muoi’ bekend

septimber 1, 2017 16:30 Fernijd

De ploech – Rogier in ’t Hout, Ludo Hoogmartens en Raphaël Mars misse der. © Rene den Engelsman fotografie

De gearstalling fan de spilersploech fan ‘Marijke Muoi’, de foarstelling dy’t op 28 jannewaris 2018 it kulturele jier iepenje sil, is rûn. “Ik kin no wurkje mei spilers dêr’t ik al lang fan dreamd haw. Wy hawwe se hiel sekuer op harren rol útsocht. Dêrtroch sit alles goed yninoar,” seit regisseur Sjoeke-Marije Wallendal. Yn novimber beginne de repetysjes yn de Grutte Tsjerke fan Ljouwert. 

Marijke Muoi, stammem fan sawat alle hjoeddeistige Europeeske keningshuzen, lit it publyk meimeitsje wat har oerkaam yn 1795, doe’t ús tsjintwurdige demokrasy ûntstie: it skeinen fan har grêf. Frjemd genôch is dy wichtige episoade fan de skiednis konsekwint weimoffele. De oare tsien persoanen dy’t de foarstelling nimme it publyk mei de Grutte Tsjerke yn, dêr’t sy, ûnder it each fan Marijke Muoi, harren ferzje fan it ferhaal fertelle.

Ymposant selskip

Joke Tjalsma © Rene den Engelsman fotografie

Dat Wallendal optein is, is te begripen. Yn it selskip skitterje in tal bekende nammen. Sa wurdt bygelyks de rol fan Marijke Muoi fertolke troch de fan komôf Fryske Joke Tjalsma, bekend fan ‘De gelukkige huisvrouw’, ‘Nynke’ en de Frysktalige film ‘Bak’. Paul R. Kooij, spilet Eise Eisinga. Hy spile earder ûnder mear yn ‘Ja zuster, nee zuster’ en ‘Het Pauperparadijs’.

Dette Glashouwer, dy’t út Hylpen komt, makke mei Suver Nuver in soad teaterfoarstellingen en wûn yn 2012 de Mus mei ‘Geld voor Beginners’. Yn ‘Marijke Muoi’ hat se de rol fan Klaasje Abes Kamstra, dy’t ea noch foar Maria Louise soarge hat. De rol fan Abraham Staal, dy’t fjochte foar it begjinsel fan frijheid en gelikenens, wurdt spile troch Rogier in ’t Hout, dy’t ûnder mear spile yn it RO Theater, Toneelgroep Amsterdam en dy’t no alle dagen te sjen is yn ‘Het Klokhuis’.

De Frânske toanielspiler Raphaël Mars, dy’t yn Parys studearre, hat him yn de tiid fan syn oplieding yn Barselona specialisearre yn ûnderfiningsteater, makket diel út fan ynternasjonale teäterselskippen. Hy spilet de rol fan de Frânske soldaat, dy’t him mei syn ‘oare eftergrûn’ steande hâlde wol yn Fryslân.

De oare spilers binne Martijn de Rijk, ûnder mear bekend fan it Noord Nederlands Toneel en Toneelgroep Amsterdam, Ludo Hoogmartens, út België en bekend fan Katarakt en Het Zuidelijk Toneel, Albert Secuur fan it Noord Nederlands Toneel, Pleun de Roode fan ûnder mear Elle Est Belle, Michaël Bloos, bekend fan Nieuwe Helden en ‘Brekber’ en ‘Fabelkracht’ fan Tryater, en de út Fryslân ôfkomstige toanielspiler Bart Harder, dy’t foar it Nationaal Toneel spile yn ‘As you like it’.
Under rezjy fan Sjoeke-Marije Wallendal en de artistike lieding fan Jos Thie, mei fideokeunstner Arjan Klerkx, lûdskeunstner Bo Bruijs en teaterfoarmjouwer Mirjam Grote Gansey, soargje sy foar in spektakulêre transformaasje fan de Grutte Tsjerke en prikelje se alle sintugen yn in oerweldigjende ûnderfining.

Praktyske ynformaasje
De foarstelling Marijke Muoi is de iepeningsfoarstelling fan Ljouwert-Fryslân 2018 en is fan 28 jannewaris oant en mei 17 maart 2018 te sjen yn de Grutte of Jacobinertsjerke yn Ljouwert. Der is in beheind tal kaarten te krijen; bestelle fia www.harmonie.nl.

Marijke Muoi is in produksje fan Sjoeke-Marije Wallendal (konsept en rezjy), Bouke Oldenhof (skript), Jos Thie (artistyk lieder) en Freek van Duijn (saaklik lieder). www.marijkemuoi.frl

septimber 1, 2017 16:30 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.