Fryslân stipet Europeesk inisjatyf foar taalminderheden

septimber 25, 2017 12:49

It Kolleezje fan Deputearre Steaten fan Fryslân stipet it boargerinisjatyf foar taalminderheden yn Europa, de Minority SafePack Initiative. Alle kolleezjeleden ûndertekenje op tiisdei 26 septimber it Europeesk inisjatyf yn it Hûs fan de Nederlânske Provinsjes yn Brussel. It boargerinisjatyf moat de minderheidstalen en meartalichheid op de Europeeske politike aginda sette. Neffens de Europeeske regels moatte der yn Nederlân op syn minst 19.500 hantekeningen sammele wurde.

De Federal Union of European Nationalities (FUEN) organisearret de kampanje mei it Europeesk buro foar lytse talen (EBLT), de Fryske Akademy, de Afûk en de Ried fan de Fryske Beweging. De kampanje start op de Europeeske Dei fan de Talen op 26 septimber. FUEN wurket dêrby gear mei de ‘ynternasjonale social media dei foar lytse talen yn Europa’, fan de Afûk. Neist Fryslân dogge ûnder mear Baskelân, Ierlân en Malta mei oan de Social Mediadei.

FUEN en EBLT organisearje de publike start fan de Minority SafePack-kampanje yn Nederlân ek op 26 septimber. Dy is om 12.00 oare by Tresoar yn Ljouwert. Ferskate Fryske en Nedersaksyske organisaasjes dogge dêroan mei. Sjoch foar it programma ús eardere berjocht: 26 septimber: start kampanje Minority SafePack Initiative. Letter dizze hjerst folgje ek noch publyksaksjes yn Grinslân, Drinte en Oerisel.

Deputearre Poepjes is foarsitter fan it Network to Promote Linguistic Diversity (NPLD). De Deputearre is bliid mei it inisjatiyf. “Hjirmei hawwe wy de kâns om it Frysk en de oare lytse talen yn Nederlân mear omtinken te jaan yn Europa en yn De Haach. Wy stypje dit inisjatyf dan ek folslein en roppe elkenien op om dit ek te ûndertekenjen.” Dat kin troch nei http://www.minority-safepack.eu/ te gean en dêrnei nei Member states. Dan folget automatysk de Nederlânske site om te tekenjen.

Mear ynformaasje oer it boargerinisjatyf is te finen op www.minority-safepack.eu.

septimber 25, 2017 12:49
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. mbc84 septimber 25, 17:15

    En wat leveret it op, al dit soarte klupkes, inisjativen, kommisjes ensfh? HIELENDAL NEAT!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.