Fryske skoalbern skoare trochinoar in 6,550

septimber 7, 2017 20:42 Fernijd

Learlingen fan it fuortset ûnderwiis yn Fryslân helje trochinoar in 6,550 op de siferlist. Dat blykt út ûndersyk fan online winkelsintrum beslist.nl. Dêrby is sjoen nei de siferlisten oer in perioade fan fiif jier. Foar it eineksamen helje de learlingen yn Fryslân yn trochsneed in 6,453.

Heechste sifers fan Fryslân yn It Bilt, Dongeradiel en Dantumadiel
De heechste sifers fan Fryslân foelen op It Bilt. Dêr hellen de skoalbern trochinoar in 6,753 as rapportsifer en waarden de ôfrûne fiif jier ek de heechste eksamensifers fan Nederlân helle, yn trochsneed in 6,718. Yn Dongeradiel lei dat krekt wat leger: 6,605 en yn Dantumadiel wie it 6,582.

Leechste sifers fan Fryslân yn Achtkarspelen, Harns en Weststellingwerf
Yn de gemeente Achtkarspelen hellen de skoalbern de ôfrûne fiif jier de leechste sifers fan Fryslân (6,483). Achtkarspelen wurdt folge troch Harns, dêr’t it trochsneed sifer 6,496 wie. Weststellingwerf stie op it tredde plak, mei 6,511.

Mear eftergrûnynformaasje oer behelle sifers is te besjen op https://www.beslist.nl/info/back-2-school.html

Skoalaginda’s foaral populêr yn de brêgeklasse
Der is ek sjoen nei de populêrens fan de skoalaginda. Foar in soad brêgeklassers hat dy in wichtige rol. Nei de brêgeklasse wurdt de papieren aginda lykwols hurd ynruile foar in digitale fariant op in snoadfoan of laptop.

septimber 7, 2017 20:42 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.