Fisken yn Swettepoel massaal krepearre

septimber 12, 2017 23:57

Yn de Swettepoel, dêr’t It Nijs oardel wike ferlyn it swurk al driuwen seach, is it folslein misbeteard mei de fisk, troch brekme oan soerstof. Waard it byld fan de skildereftige dobbe begjin ferline wike noch wat opgnist troch de seefûgels dy’t harren folfrieten oan de fisken dy’t om in stealtsje soerstof yn it boppeste laachje fan it wetter te bemachtigjen suver by de wâl opkrûpten, de pomp fan Steatsboskbehear die gjin fertuten en letter yn de wike is 450 kilo deade fisk – snoeken, snoekbearzen, karpers, mudhûnen, somtiden grouwe bisten mei in lingte fan omtrint in meter en in gewicht fan mear as tritich pûn en guon wol sa’n fjirtich jier âld – út de wetterpuozze helle en ôffierd nei ferdistruwearder Rendac yn Burgum. Fisken krije swierrichheden mei it sykheljen as de soerstofkonsintraasje ûnder de 4 mg de liter bedarret, yn de poel waard troch it Wetterskip mar 0,15 mg metten. As mooglike oarsaak neamt Steatsboskbehear it fertinjen fan it ûndjippe soerstofhâldende wetter troch it mingen mei djip soerstofleas wetter as gefolch fan de ôfgryslike bats reinwetter dy’t in wike earder foel: likernôch 50 mm op ien dei (in stikhinne de hoemannichte delslach dy’t ornaris yn de hiele augustusmoanne falt). Mar oft dat de folsleine ferklearring is, is noch lang net wis.

© Earste fjouwer foto’s: ItNijs.frl, lêste foto: Boskwachter Henk-Jan van der Veen / Steatsboskbehear

septimber 12, 2017 23:57
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*