Feie Fonyk: Sodom en Gomorra

septimber 7, 2017 20:00

Kollum

Lucas van Leyden: Lot en syn dochters

Al wer wat jierren lyn wie ik yn Eisenstadt, sa’n sechtich kilometer súdeastlik fan Wenen. Dêr moast ik tinke oan Sodom en Gomorra. No hat Eisenstadt neat om benaud foar te wêzen. De minsken binne freonlik. Dieverij of geweld kaam ik net tsjin en de manlju en froulju diene foar safier’t ik seach neat wat it deiljocht net ferdrage kin.

No krije wy wat langer wat mear minsken dy’t net grut wurden binne mei it ‘Wurd fan de Heare’. Sadwaande hjir in gearfetting fan Sodom en Gomorra. Wy prate oer in pear tûzen jier lyn. It bibelske boek Genesis fertelt dat Lot mei syn famylje yn Sodom wennet. God hat skjin syn nocht fan dy stêd. De minsken libje der mar op los. Se steure har oan God noch gebod. Sadwaande komt de Heare sels del – dat die Er yn de tiid wol faker – om tsjin Abraham te sizzen dat er fan doel is om beide stêden te ferneatigjen. Duvel, tinkt Abraham, hoe komt it dan mei myn omkesizzer Lot en syn húshâlding? Abraham giet mei God yn ’e pleit. “Stel no dat der fyftich rjochtfeardigen binne, dan sille Jo dochs net alle minsken deadwaan?” “Nee”, sei God, “dan doch ik dat net.” “En as der no fjirtich binne?” “Dan ek net”, sei de Heare. “En as der no tritich binne?” Sa giet it mar troch. By tsien doar Abraham net fierder te freegjen. It draait derop út dat God de stêden mei swevel en fjoer ferdylget. Lot en syn famylje ûntkomme. Syn nijsgjirrige frou kin it op de flecht net litte en sjoch om. Dat hie de Heare noch sa ferbean. As straf feroaret se yn in sâltpylder. (Tuskentroch: dat soe in skriuwer tsjintwurdich mei it each op de frouljusemansipaasje nea sa mear betinke en skriuwe doare. Doedestiids koe soks noch.)

De gebrûkswearde fan de taal sil by einsluten de trochslach jaan oer it fuortbestean.

No sille jo freegje wat soks mei Eisenstadt te krijen hat. Dêr wie ik op it jierlikse FUEN-kongres. FUEN stiet foar Federal Union of European Nationalities. It is in belange-organisaasje fan Europeeske minderheden, oprjochte yn 1949 yn Versailles. Der binne in lytse njoggentich organisaasjes út mear as tritich lannen by oansletten, lykas de Ried fan de Fryske Beweging. Op it kongres yn Eisenstadt wiene dy kear in hûndertfyftich minsken út seisentweintich lannen: Russyske minderheden út Bulgarije, Turkske minderheden út Grikelân, Roma, Kroaten út Eastenryk en Noard-Friezen om samar in pear te neamen. Ien fan de besprekpunten wie it plak fan minderheidstalen. Op papier en neffens wetjouwing hawwe de measte minsken yn Europa rjocht op harren eigen taal. De praktyk wiist oars. Wy witte hoe’t it giet yn Fryslân mei de strideraasjes oer Fryske plaknammebuorden. Nijsgjirrich om yn Eisenstadt te hearen dat soks net allinne yn Fryslân spilet mar ek yn Burgenland. Dat leit yn it easten fan Eastenryk tsjin de Hongaarske grins oan. Eisenstadt is de haadstêd. Burgenland hat in Kroätyske minderheid en op papier hawwe se rjochten om harren eigen taal te brûken. Yn de praktyk komt der net in soad fan terjochte.

En dat hat te krijen mei it tal minsken dat ree is en brûk it Kroatysk. Eltsenien praat Dútsk as earste of as twadde taal. De gebrûkswearde fan dy taal is fansels folle grutter. Yn guon doarpen wurdt Kroätysk praat, mar dat wurdt hieltyd minder. In dilemma foar it bestjoer fan Burgenland liket my by hoefolle minsken men noch twatalige foarsjenningen hanthavenje moat. By fiifhûnderttûzen grif, ek by fyftichtûzen, as de minsken teminsten net te fier útinoar wenje, mar hoe komt it by fiiftûzen of by tûzen? It sil net ôfrinne lykas yn dat aparte bibelferhaal. God komt tsjintwurdich net mear del. Boppedat bin ik der wis fan dat Er foar meartaligens is, sjoch it ferhaal fan de toer fan Babel. Mar God noch gebod sil keare kinne dat guon lytse talen it op ’e lange doer net rêde.

Takomme jier komt de FUEN nei Ljouwert ta om dêr tusken 20 en 24 juny yn it WTC syn kongres te hâlden. De FUEN begjint dizze hjerst mei in nij inisjatyf: it Minority Safe Pack. Dat is bedoeld om oer hiel Europa in miljoen hantekens te sammeljen om de rjochten fan minderheden te stypjen en te fersterkjen. Op de side fan It Nijs folget nije wike mear ynformaasje.

 

septimber 7, 2017 20:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*