DichterS fan Fryslân gean los

septimber 14, 2017 09:25

Kollektyf ropt Provinsjale Steaten op om inisjatyf te stypjen

It kollektyf DichterS fan Fryslân ropt Provinsjale Steaten op om fan de ferkiezing fan in Dichter fan Fryslân ôf te stappen en it dichterskollektyf de gelegenheid te jaan om Dichter fan Fryslân ta in grut súkses te meitsjen. Om syn oprop krêft by te setten giet it kollektyf dizze wike alfêst los. Foarige wike tongersdei hat deputearre fan kultuer Sietske Poepjes reagearre op it foarstel om Dichter fan Fryslân yn 2018-2019 troch in grut kollektyf fan Fryske dichters dwaan te litten. Telefoanysk liet se de groep witte dat sy it plan in prachtich idee fynt, ek mei it each op LF2018. Se hat provinsjale stipe tasein om it plan te realisearjen.

Goed nijs foar it kollektyf, dat no de stipe fan Provinsjale Steaten noch krije moat. Want it bliuwt by syn krityk op de proseduere foar de ferkiezing fan Dichter fan Fryslân en is fan miening dat dy yntusken in farce wurden is. Betûfte dichters dogge net mei nei krityk op de proseduere en dichters mei minimale ûnderfining tinke nei útspraken fan de deputearre yn de media dat se – as ‘amateurdichter’ – kâns meitsje. It kollektyf in fan betinken dat in kollektyf fan Fryske dichters it Dichterskip fan Fryslân better, spannender en fernijender foarmjaan kin as in yndividuele dichter.

Om de oprop oan Provinsjale Steaten krêft by te setten, set it kollektyf dizze wike al útein. Der is in Facebookside DichterS fan Fryslân iepene, dêr’t dielnimmende dichters yn ’e oanrin nei 2018-2019 foarfêst gedichten oer aktuele saken yn Fryslân (en de wrâld) op pleatse. Sa wurdt toand dat de  Fryske poëzij libbet as in hert en dat ‘Fryslân en de wrâld’ op in mearstimmige, poëtysk nijsgjirrige wize aktualisearre wurde kin: kritysk, boartlik, stikelich, ferwûnderjend, engazjearre, lyrysk, humoristysk, belutsen, absurdistysk, to the point, …

Der slute har noch hieltyd nije dichters by DichterS fan Fryslân oan. De groep bestiet no út 25 dichters: Willem Abma, Erik Betten, Pier Boorsma, Pieteke de Boer, Eppie Dam (op ‘e achtergrûn), Anne Feddema, Edwin de Groot, Tsjisse Hettema, Hein Jaap Hilarides, Eric Hoekstra, Yva Hokwerda, Sytse Jansma, Elske Kampen, Bartle Laverman, André Looijenga, Aggie van der Meer, Henk Nijp, Simon Oosting, Sipke de Schiffart, Jacobus Smink, Geart Tigchelaar, Jaap Veenstra, Abe de Vries, Syds Wiersma en Piter Yedema.

Sjoch foar mear ynformaasje op de Facebookside fan DichterS fan Fryslân.

septimber 14, 2017 09:25
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*