‘Brimstone’ wint Gouden Kalf foar bêste film

septimber 30, 2017 12:28 Fernijd

Foto: Wikipedia/E. Donkert, byld makke troch Theo Mackaay

De grutte winner fan de Gouden Keallen is Brimstone wurden. De westernthriller wist seis fan de njoggen nominaasjes te fersulverjen, wêrûnder dy foar Bêste Film. Nea earder hat in film safolle Gouden Keallen krigen. Brimstone is in Nederlânsk-Amerikaanske produksje. De film giet oer it libben fan in frou dy’t dominearre wurdt troch in besestere dûmny. De film wûn ek de prizen foar Bêste Rezjy, Bêste Kamera, Bêste Produksjeûntwerp, Bêste Muzyk en Bêste Lûd.

De film wûn gjin prizen foar it aktearwurk. Peter Paul Muller krige it Gouden Keal foar Bêste Akteur yn Bram Fischer, Nora El Koussour dy’t foar Bêste Aktrise yn Layla M. De prizen foar Bêste Byrol wiene foar Mohammed Azaay yn Layla M. en Marie-Louise Stheins yn Waldstille.

Tonio
Ferliezer fan de jûn wie Tonio, de film nei it boek mei deselde titel oer de dea fan de soan fan A.F.Th. van der Heijden. De film wie sân kear nominearre, mar wûn allinnich it Gouden Keal foar Bêste Montaazje. De protte besprutsen dokumintêre De kinderen van Juf Kiet oer in klasse fol flechtlingebern wûn in Keal foar Bêste Lange Dokumintêre.

De wichtichste prizen foar Nederlânske films waarden yn de Stedsskouboarch yn Utert útrikt by de ôfsluting fan it Nederlânsk Film Festival. De winners wurde keazen troch filmprofesjonals. Dit jier wiene der 368 minsken dy’t stimme mochten.

 

septimber 30, 2017 12:28 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.