Aksint

septimber 30, 2017 09:00

Kollum fan Simone Djurrema *

Sûnt ús húshâlding nei Sweden ferfearn is, fiel ik my mear Friezinne as Nederlânske. It is belangryk datst yntegrearrest en de Sweedske taal learst, en dat dogge wy dan ek. Oer ús komôf praat, Nederlanners hawwe hjir in goede namme, mar dochs, ik bin in Friezinne yn ieren en sinen. Doe’t ik jierren lyn ris op it ynternet besocht út te finen wêr’t de famyljenammen fan ús heit en mem weikomme en ik yn Súd-Nederlân útkaam, fielde ik my folslein ûntwoartele. In identiteitskrisis drige! Ik haw mar gau besletten dat der wol neat fan doge soe. Ik bin dus wer Frysk.

Dat der links- of rjochtsom ris in Fiking it túntsje fan ien fan myn foarmemmen yn it sied set hat, soe wier wêze kinne. Sa’n byld hat wol wat romantysk oer him: in woeste Ragnar mei ljocht lang hier en in swurd (fansels mar de helte fan dat fan Grutte Pier) en in kreaze stoere Fryske faam op in fjouwerjend Frysk hynder, ek mei wapperjende moannen. Mar plonderingen en ferkrêftingen dy’t yn de skiednis sa faak foarkomme, nee, dat dan leaver wer net, alteast net by myn foarâlden Ragnar en Yfke.

It is miskien wat apart fan my, mar hoewol’t ik as Fryskprater grutbrocht bin, haw ik dochs myn hiele libben besocht om as ik Nederlânsk prate, dat sûnder aksint te dwaan. Se moasten leafst net hearre kinne dat ik út Fryslân kom. No yn Sweden ek. As ik oer ûnderwerpen praat dy’t my lizze, sizze Sweden soms dat se net hearre kinne dat ik gjin Sweedske bin. It bewyske aksint dat ik haw, kinne se net teplak bringe. Dat soe likegoed in Sweedsk dialekt wêze kinne. Grutter komplimint kinst my net jaan. Dat docht my dochs sá goed!

Oan ’e oare kant haw ik der gjin probleem mei dat immen in aksint hat, watfoar aksint oft it ek is: dat is aardich of sjarmant, tinkt my. Der is lykwols ien aksint dat my in ôfgrysliken argewaasje jout: dat fan immen dy’t fan hûs út Frysk praat, mar dat mei in Hollânsk aksint docht. Guon dy’t yn it Nederlânsk grutbrocht binne, meie dat fansels dwaan, want it is prachtich dat se de muoite nimme om har it Frysk eigen te meitsjen. Mar hieltyd faker hear ik – op Omrop Fryslân of yn it echt – Fryskpraters foarbykommen mei in kreas Hollânsk aksint en mei de ‘r’ dy’t dêrby heart. Ferskriklik! It sil der wol mei te meitsjen hawwe dat in Frysk aksint as plat sjoen wurdt. As je hearre litte wolle dat je yntelligint binne, in oplieding hân hawwe of wat mear as in oar binne, dan moatte je dochs beleaven net plat Frysk prate. Soks fyn ik mear as spitich; ik achtsje it in grut ferlies! Dêrom hjir myn oprop: Praat mar plat!!! 
It kin ek syn foardielen hawwe. Sels haw ik noait folle muoite hân mei de útspraak fan oare talen. It Amerikaansk bygelyks is foar Friezen en ek foar Drinten aardich maklik. Sa’nien as Dr. Pol mei syn swier Drintsk aksint liket op de ien of oare wize makliker Amerikaansk te praten as mannich Hollanner. Mei it Sweedsk is dat ek sa. De ‘å’ klinkt as yn it Fryske moal. De ‘ä’ as yn fêst en de ‘e’ as yn gea. Doch dat mar ris mei in Nederlânsk aksint.

Wy hawwe der nocht oan om oerienkomsten te ûntdekken tusken it Nederlânsk en it Sweedsk, mar mear noch tusken it Frysk en it Sweedsk. Wy traktearje ús Sweedske besite graach op Fryske dúmkes en bearenburch en om’t ik altyd al in gloeiende hekel oan crocs hân haw, draach ik no op it hiem mei alle wille myn skerjontsjes, al sil ik no ek wer net, lykas myn sweager, op de jiermerk yn Sunnanå op Fryske klompen omrinne.

Meikoarten stekke wy net allinne de Sweedske en de Nederlânske, mar ek de Fryske flaggee út en as de minsken freegje wêr’t ik weikom antwurdzje ik net ienfâldichwei mei “Jag kommer ifrån Holland”, mar mei in yn ien sike útsprutsen “Ik kom út dat part fan Nederlân dat in eigen taal hat en Fryslân hjit.”

* Simone Djurrema-van der Wal is yn 2015 mei har man en bern út Garyp wei nei Sweden emigrearre. Dêr skriuwt se oer yn it ferhaal ‘Friezen yn ’e frjemdte’, dat wy hjoed yn de rubryk Ferdivedaasje publisearje. Tenei skriuwt se foar It Nijs ien kear yn de fjouwer wike in kollum, dy’t hieltyd op sneon publisearre wurde sil. Redaksje.

 

septimber 30, 2017 09:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.