Utslach Rely Jorritsmapriis

augustus 31, 2017 14:16

De jierlikse Frysktalige skriuwwedstryd fan de gemeente Littenseradiel, de Rely Jorritsmapriisfraach, hat dit jier tsien winners. Fiif fan de 39 ynstjoerde ferhalen en fiif fan ‘e 48 gedichten wurde beleanne mei in bedrach fan tûzen euro. By de jeugd binne trije ferhalen en twa gedichten bekroane. Under harren wurdt in bedrach fan 475 euro ferparte. Der wiene fjirtjin ynstjoerings foar de juniorferzje fan ‘e priis.

De winnende ferhalen binne:

‘Genede, in soarte fan bûgjen’ fan Geert Nauta út Wergea
‘Hofkesjonge’ fan Trevor Scarse út Grins
‘Guggem’ fan Lida Dykstra út De Knipe
‘Dû smearlap’ fan Geart Tigchelaar út Ljouwert en
‘De oanhâldende gearspanning fan idioaten’ fan Lomme Schokker út Hillegom.

De winnende gedichten binne:

‘Lepus europaeus’ fan Anny de Vries út Easternijtsjerk
‘Opgean’ fan Arjan Hut út Ljouwert
‘Foarhinne trof ik by de seedyk in goede stoel’ fan Edwin de Groot út Aldehaske
‘De brêge’ fan André Looijenga út Grins en
‘Drachtsterbrêge’ fan Erik Betten út Dronryp.

By de juniorpriisfraach binne de winners:

‘Ik wol dy net kwyt’ fan Yael Pieterson út Drachten; earste priis foar in ferhaal
‘Hast tsjuster’ fan Line Hut út Ljouwert; earste priis foar in gedicht
‘Myn meunsters yn myn hûs’ fan Idwerd de Graaf út Ljouwert; twadde priis foar in ferhaal
‘Snie falt yn flokjes nei ûnder’ fan Marije Rijpma út Itens; twadde priis foar in gedicht
‘Minsken en bisten’ fan Mike van der Veen út Sint-Anne; tredde priis

De prizen wurde útrikt op 30 septimber. De winnende ferhalen en gedichten wurde publisearre yn it tydskrift Ensafh.

augustus 31, 2017 14:16
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*