“Tusken de skappen”
Resint ferskynd
Troch Henk Wolf
Kin it wurdsje skap der yn it Frysk op troch? Dy fraach krige ik fan ’e wike fan ien dy’t it tsjinkaam wie yn in Frysk boek. Yn dat boek rûn ien yn in winkel ‘tusken de skappen’. Dy skappen binne de stellaazjes dêr’t de waar yn útstald leit, of parten fan dy stellaazjes.
Wa’t yn ’e wurdboeken sjocht, komt it wurd skap net tsjin. Wa’t mei Google siket, dy komt it wol tsjin en ek net heel selden. Google jout sa’n 120 siden dêr’t it wurd op foarkomt, al sille dêr grif in stikmannich dûbelden tusken sitte. Yn ’e gauwichheid haw ik sjoen dat Omrop Fryslân it wurd in pear kear brûkt, krekt lykas doarpswebsites en ien dy’t in Frysktalich reisdeiboek byhold.
Konverzje
De eardere heechlearaar Frysk Bo Sjölin hat yn syn boek Min Frysk út 1975 beskreaun hoe’t Frysktaligen beskate regelmjittige ferskillen tusken it Nederlânsk en Frysk brûke om Nederlânske wurden yn it Frysk op te nimmen. Dat ferskynsel hyt konverzje. Sa kinst fan in Nederlânsk wurd faak in Frysk wurd meitsje troch sch te ferfangen troch sk. Dat giet ûnbewust en Friezen witte lang net altyd oft in wurd no al yn it Frysk bestie of dat se it der troch it tapassen fan konverzje sels oan tafoege hawwe. Nei alle gedachten is skap it resultaat fan konverzje.
Kiste
It Nederlânske wurd schap betsjut fanâlds ‘kiste’. Dy betsjutting is earst ferskood nei ‘kast’ en letter noch wer nei ‘kastplank in een winkel’. It Frysk komt it tichtste by dy betsjutting mei wurden lykas (kast)planke, rim en boerd. Dat wol net sizze dat it Frysk noait in wurd hân hat dat op schap like. Yn ’e midsieuwen kaam yn it Frysk foar ‘kast’ noch it wurd skep foar en it Noard-Frysk, dat praat wurdt yn it noarden fan Dútslân, brûkt hjoed de dei foar ‘kast’ noch it wurd schååp. It moat yn ús foarm fan it Frysk útstoarn wêze en fia konverzje komt it út it Nederlânsk no wer werom.
Tusken de skappen
Yn it boek kaam de wurdgroep ‘tusken de skappen’ foar. Yn it Nederlânsk is ‘tussen de schappen’ in taaleigen manier om ‘in de winkel’ te sizzen. Dy is troch konverzje ta te passen yn syn geheel ferfryske. Guon minsken steure har dêroan. Aldergeloks is in alternatyf gau fûn: ‘yn ’e winkel’ bringt de betsjutting krekt like goed oer.
Oarsprong
Der binne yn ’e Germaanske talen in soad wurden mei deselde oarsprong as schap, dy’t ferwize nei dingen dêr’t wat yn kin. Yn it Nederlânsk binne schop, schoep en schepel foarbylden, yn it Dútsk Schaff (soarte ammerke). Al dy wurden stamje nei alle gedachten ôf fan in Germaansk wurd skapa, dat sokssawat as ‘tonne’, ‘fet’ betsjut ha moat.
Yn in krekt ferskynd boek, in oersetting, stiet it sindiel:
Wylst ik doelleas tusken de skappen rûn …
In krityske lêzer woe dat feroare sjen yn :
Wylst ik sûnder doel troch de (winkel)paden rûn.
In hiel aardige oplossing, tinkt my.
Om my kin it wol sûnder de heakjes: winkelpaden.
Yn ús lytse krudenierswinkel hiene wy in 10tal lytse houten skappen (romten) dêr’t kofje ynsiet, graue earten, grúskes, snobbersguod ensfh. Skappen wie foar elkenien in normaal alledaags wurd. It hat neat mei winkelpaden út te stean. “Yn de winkel” is te wiidweidich omskreaun en te algemien. Der wie safolle yn de winkel te sjen. Sels in famke woe apenuten hawwe út it skap. It wurd “skap” waard foar WO2 al troch ús heit – de winkelman- brûkt.