Trouring weromfûn yn woastyn

augustus 9, 2017 13:30

Foto: pixabay.com

De kâns om in yn de woastyn kwytrekke trouring werom te finen is net sa grut. Dochs hat in Australyske frou gelok hân. Op it plysjeburo yn Birdsville waard moandei in ring ynbrocht. In kuierder fûn de ring yn it sân fan de Simpsonwoastyn. De woastyn leit yn it ferlitten westen fan de dielsteat Queensland en is 176.000 kante kilometer grut, mear as twa kear sa grut as de Benelúks.

“De kâns dat je de lotto winne is tink ik grutter”, sei in plysjewurdfierder. De plysje sette in foto fan it sieraad op Facebook en dy waard tûzen kear dield. De eigneresse fan de ring seach it berjocht en hie fuort yn ’e gaten dat it har ring wie. Hja wie de trouring yn juny kwytrekke by in tocht troch de Simpsonwoastyn.

It duorret noch wol in tiid foar’t se de ring wer oan ’e finger skowe kin. De iennichste plysjeman fan it stasjon yn Birdsville is sels op ’en paad yn ’e woastyn. Pas as er wer telefoanberik hat, kin er kontakt opnimme mei de eigneresse fan de ring.

augustus 9, 2017 13:30
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*